Surhuzum
Surhuzum is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, noard fan Surhústerfean. Eartiids wie Surhuzum it grutste plak fan de gritenij Achtkarspelen. Yn it ferline binne ek oare nammefoarmen brûkt, Suter Husum, Suyer Huysum en Suuder Huusun. De namme betsjut soksawat as 'by de suderhuzen'.
Surhuzum | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.265 (2021) [1] |
Oerflak | 14,58 km² wêrfan lân: 14,53 km² wêrfan wetter: 0,06 km² |
Befolkingstichtens | 87 ynw. / km² |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 12' 21.7" N 6° 10' 39.1" E |
Webside | Side Surhuzum |
SkiednisBewurkje
It doarp foarme yn de midsiuwen de grutste kearn fan de acht kerspels fan de gritenij, wêrbinnen ek it tsjerkedoarp Koartwâld lei (ien fan de acht kerspels), dat troch in befolkingstekoart (om de tsjerke ûnderhâlde te kinnen) yn 1441 tastimming krige fan de paus om har oan te sluten by Surhuzum. Koartwâlde foarmet no in buorskip noardlik fan Surhústerfean.
Surhuzum hie al oan it begjin fan de 13e iuw in stiennen tsjerke. Doe wie de ûntginning fan it omlizzend fean - wierskynlik mei de Lauwers en de Ried as ûntginningsassen fan wêrút útein set waard - safier foardere dat der in tsjerke stifte wurde koe. Guon ûndersikers miene dat op it âld tsjerhôf by it doarp al yn de 12e iuw in houten tsjerke stien hat. Surhuzum wurdt foar it earst neamd doe't Olifernus preke op it tsjerkhôf yn 1217, wêrby't in blau krús oan de himel ferskynd wêze soe. Hy rôp de minsken op om diel te nimmen oan de Fiifde Krústocht. Yn 1217 soene leafst 80 skippen mei krúsfarders de Lauwers ôffearn wêze.
Yn de jierren 1950 krige it doarp yn de rjochting fan de wei Bûtenpost-Surhústerfean nijbou.
GebouwenBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Antoniustsjerke (Surhuzum).
De earste stiennen tsjerke is yn 1594 ferwoastge troch de Spanjerts en yn 1617 werboud. Yn 1734 waard er ôfbrutsen en folslein opnij boud, mei âlde kleastermoppen oanfold mei lytse bakstien. Yn it koar sitte trije brânskildere ramen fan Ype Staak. De toer hat allinne in boppegrûnske ferbining mei de tsjerke, seldsum yn Fryslân, en hat in mitsele spits, ek seldsum. De klok, mei in trochsnee fan 1.22m en in gewicht fan 1100 kg, is getten troch Hans Falck yn 1630.
It behindige ferieningsgebou by de tsjerke, út 1929, is boud yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle nei in ûntwerp fan arsjitekt J. C Velding. Oarspronklik hie it hoektuorke in mei lead beklaaid koepelsje. It hat in monumintestatus.
MienskipBewurkje
Om doarpshûs 'De Delfeart' wurdt yn augustus de 'Spulwike Surhuzum' holden. Underdiel dêrfan is it WK seineharjen. Yn de Delfeart komt ek de feriening foar Pleatslik Belang gear.
SkoalleBewurkje
Oan de 'Lustenburg' stiet de Johannes Looyengaskoalle en oan de W.B. van der Koaiwei yn Stynsgea stiet pjutteboartersplak 'it Hummelhoekje'.
TsjerkeBewurkje
- Protestantske gemeente Surhuzum
FerieningsBewurkje
It sportpark hjit De Woudlust.
- Fuotbalferiening ASC '75
- Tennisferiening ASC '75 (op sportpark De Easterbuorren yn Stynsgea)
- Excelsior - muzyk
- Surhúster Aldjiersploech
- DTS - kuorbal
- Fûgelwacht Stynsgea/Surhuzum
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1890 | 1955 | 1960 | 1965 | 1970 | 1973 | 2006 | 2008 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1433 | 1407 | 1300 | 1275 | 1270 | 1272 | 1346 | 1379 | 1265 |
StrjittenBewurkje
Oer de strjitten fan Surhuzum.
Iepenbier ferfierBewurkje
Busline fan ferfierder Arriva:
- Line 12: Noardwâlde - de Gerdyk - Drachten - Nijtap - Rottefalle - De Houtigehage - Boelensloane -Surhústerfean - Surhuzum - Stynsgea - Bûtenpost
FerskaatBewurkje
Yn 1984 waard ta neitins fan Knilles Eiberts it keunstwurk 'De Balkespringer' fan Frans Ram ûntbleate. Knilles Eiberts (syn echte namme wie Cornelis Egberts Gayckema) wie beurtskipper, dy't nei de weropbou fan de troch de Spanjerts fernielde tsjerke yn 1617 yn ien loop oer sechtjin balken sprong, dy't goed 2,5 meter fan inoar leine. Hy waard yn Surhuzum begroeven en syn grêf is letter werom fûn oan de súdkant fan 'e tsjerke.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |