Antoniustsjerke (Surhuzum)

De Doarpstsjerke is de tsjerke fan 'e protestanske gemeente fan Surhuzum.

Antoniustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Surhuzum
adres Doarpstrjitte 31
koördinaten 53° 12' N 6° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Antonius (?)[1]
Arsjitektuer
boujier tsjerke: 1734
toer ± 1300
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7051
Webside
Side Protestanske gemeente Surhuzum
Kaart
Antoniustsjerke (Fryslân)
Antoniustsjerke

Sûnt de doleânsje wie der yn Surhuzum in Herfoarme gemeente en in Grifformearde tsjerke. De âlde doarpstsjerke wie de Herfoarme tsjerke en de grifformearden dielden de grifformearde tsjerke oan 'e Pypkewei mei de grifformearden fan Stynsgea. Nei in skoft oparbeidzjen fan 'e Surhuzumer herfoarmen mei de grifformearden, federearren beide tsjerklike gemeenten op 1 febrewaris 2006. Yn 2010 folge de fúzje fan 'e Herfoarme gemeente en Grifformearde tsjerke ta de Protestanske gemeente Surhuzum. Itselde proses barde yn Stynsgea en dêrmei kaam der foar de Surhuzumer grifformearden in ein oan hast 120 jier gearwurking mei de grifformearden fan Stynsgea. Harren mienskiplike tsjerke, de Pypketsjerke, waard nei 2003 noch út en troch brûkt, mar lang om let yn 2016 ferkocht. Sawol yn Surhuzum as yn Stynsgea waard de eardere Herfoarme tsjerke it tsjerklik sintrum fan 'e nije PKN-gemeente.[2]

 
Eastlik portaal

It âldste diel fan 'e tsjerke is de frijsteande toer, wêrfan de ûnderste stiennen op 1190 datearre binne. Op grûn fan 'e boustyl is it mooglik dat omreizgjende mitslers út it Ryngebiet de toer bouden. Yn dy tiid rûn in útrinner fan 'e Lauwerssee oant Surhuzum en de Grinzer Pein ta en dat soe betsjutte dat de 30 meter hege toer ek as beaken tsjinne hat. Bysûnder is dat de spits opmitsele is op in wize dy't net in soad foarkomt yn ús kontreien. De tsjerke fan it Grinzer Schildwolde hat in ferlykbere toer, mar dy is heger en mear fersierd yn 'e gevels en hat gjin steunberen op 'e hoeken. Fanwegen lekkaazjes moast de spits fan 'e Surhuzumer toer yn 'e jierren 1980 ferfongen wurde troch in nije spits. De toer is mei in brêge ferbûn oan 'e tsjerke, it is net te sizzen wannear't dy brêge ûntstien is.

 
Klok fan Surhuzum út de jitterij fan Falck

Om't spoaren fan dowestien ûntbrekke, wurdt der fan útgien dat de earste tsjerke by de toer in houten tsjerke west hat. Dy tsjerke is letter ferfongen troch in stiennen gebou. Ut de fynst fan 'e klaverblêdfoarmige profylstiennen is op te meitsjen dat dy tsjerke in stiennen ferwulft hân hat. Nei 1580 briek foar Achtkarspelen in ûnrêstige tiid oan. Spaanske troepen teagen rôvjend en brânskattend troch Noardeast-Fryslân. Yn dy tiid moat ek de tsjerke fan Surhuzum ôfbaarnd wêze. Fan de âlde oan Antonius fan Padua wijde tsjerke bleau neat oer en net earder as yn 1617 stie der wer in nije tsjerke.

De tsjerke út 1617 waard yn 1734 foar in diel ôfbrutsen en mei it frijkommen boumaterjaal likernôch 7,5 meter minder lang mar mei deselde breedte wer opboud. Om't de plakken Surhústerfean en De Rottefalle, dy't foarhinne ûnder Surhuzum foelen, selsstannich waarden en eigen tsjerken krigen, koe it yn Surhuzum mei in lytsere tsjerke ta. It eastlike trijesidige koer waard mei in lytsere soart brune bakstien opmitsele en krige ramen fan Ype Staak. Ek de westlike gevel fan 'e tsjerke waard op 'e nij opmitsele en nei de foltôging krige it meubilêr it âlde plak werom. It bestek fan de ferbouwing fan 'e tsjerke bleau bewarre.[3][4]

 
Detail raam Deputearre Steaten, 1734

It ynterieur fan de Surhuzumer tsjerke bleau sûnt de ferbouwing yn 'e earste helte fan 'e 18e iuw goed bewarre. De preekstoel stiet lykas wênst yn monumintale protestanske tsjerken oan 'e súdlike muorre yn it doopstek. Tusken de draaide pylders mei bledwurk oan 'e kûp fan 'e kânsel is in paneel mei de wapens fan grytman Arent van Haersma en syn frou Anskjen Doys oanbrocht.

 
Oargel

Yn it koer waarden nei de weropbou trije brânskildere ramen fan Ype Staak ynbrocht. It linker raam waard skonken troch de rekkenmasters fan Fryslân, it middelste raam troch grytman Arent van Haersma en rjochts troch de Steaten fan Fryslân.

De klok fan 'e tsjerke waard yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere en út de toer helle. Nei de oarloch waard de klok werom fûn en op 'e nij ophongen yn 'e Surhuzumer toer. Op de klok, dy't yn 1630 getten waard troch Hans Falck, steane tsien nammen mei wapens.[5] De klok hat in trochsnee fan 1.22m en in gewicht fan 1100 kg.

It ienmanualige oargel waard yn 1919 troch de firma P. van Dam boud. It front fan it ynstrumint is ienfâldich útfierd en mist in klassyk ûntwerp mei kappen en listen boppe de pipen.[6]

Oan 'e toer fan 'e tsjerke is de sêge ferbûn, dat in reus nei syn omswalkings yn Grinslân as lapkekeapman by de toer efkes bekomme woe. Mei him hie der in grutte sek mei lapeguod, dat hy as seil oan skippers ferkocht, dy't hy by de toer delsette. Nei't de reus him deljûn hie en wer fierder woe, pakte hy de sek wer op, mar mei naam hy ek de toer yn syn grutte hannen. Doe't er dat seach plante de reus de toer werom, mar syn hannen wiene te grut om dat in bytsje krekt te dwaan en sa kaam de toer los fan de tsjerke te stean.[7][8]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: