Antonius fan Padua

Antonius fan Padua (Portugeesk: Santo António de Pádua), berne as Fernando Martins de Bulhões (* 15 augustus 1195 – † 13 juny 1231) – ek bekend ûnder de namme Sint-Antonius fan Lissabon (Santo António de Lisboa) – wie in katolyk preester en in muonts fan de Fransiskaanske oarder. Hy waard berne yn in rike húshâlding yn Lissabon, Portugal en ferstoar yn Padua, Itaalje. Nei syn dea waard er troch paus Gregoarius IX mei grutte faasje hillich ferklearre. Yn 1946 waard Antonius beneamd ta tsjerkelearaar en noch jimmeroan is Antonius ien fan de meast populêre katolike hilligen. Fan Antonius is yn in hiel soad tsjerken in alter of in devoasjebyld te finen. De hillige kin oanroppen wurde foar help as immen fan ferlern is.

Antonius
   hillige
Antonius mei it Jezus-bern.
Antonius mei it Jezus-bern.
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Fernando Martins de Bulhões
nasjonaliteit Portugeesk
bertedatum 15 augustus 1195
berteplak Lissabon, Portugal
stjerdatum 13 juny 1231
stjerplak Padua
wurkpaad
berop muonts
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 13 juny (R.-K.)
hillichdom Sint-Antonybasilyk, Padua
attributen Boek, it Jezus-bern; leelje; minder faak: fisk, ezel, bôle
patroan fan Portugal, Lissabon, Padua, Paderborn, allinnichsteande froulju, bern, earmen, mynwurkers, it houlik, minsken dy't fereale binne
 
Op it plak fan it bertehûs fan Antonius stiet hjoed-de-dei de Santo António da Sé

Fernando Martins de Bulhões waard berne yn Lissabon. Neffens 15e-iuwske boarnen wiene syn âlden Vicente Martins en Teresa Pais Taveira en syn heit de broer fan Pedro Martins de Bulhões, in foarfaar fan de famylje Bulhão of Bulhões. Syn heit en mem wiene ryk en regelen dat er ûnderwiis krige yn de lokale katedrale skoalle. Yn 'e âldens fan fyftjin foege er him by de mienskip fan reguliere kanunniken fan de Oarder fan it Hillich Krús yn de augustynske abdij fan Sint-Finsintius, krekt bûten Lissabon.

Yn 1212 frege Antonius in oerpleatsing oan nei it memmehûs fan de kongregaasje, it Kleaster fan it Hillich Krús yn Coimbra, de doedestiidske haadstêd fan Portugal. Dêr studearre de jonge Fernando teology en Latynsk.

Nei syn preesterwijing droech Fernando yn 'e âldens fan 19 de soarch foar de gasten yn 'e abdij. Doe't er yn Coimbra bleau setten fransikaanske muontsen harren nei wenjen yn in lytse, oan Antonius fan Egypte wijde hermitaazje bûten Coimbra. De ienfâldige, kristlike libbensstyl fan de bruorren fan de oarder, dy't noch mar 11 jier earder stifte wie, spriek Fernando tige oan. It wie yn de tiid doe't it nijs kaam doe dat fiif fransiskaanske bruorren yn Marokko ûnthalze wiene, de earste martlers fan dy oarder. Kening Alfons kocht de lichems frij om se nei Portugal te heljen en te begraven as martlers yn de abdij fan it Hillich Krús. It makke allegear grutte yndruk op Fernando en hy frege en krige tastimming fan de tsjerklike autoriteiten om de reguliere kanunniken te ferlitten om him by de nije fransiskaanske oarder te foegjen. Hy gyng yn in lytse hermitaazje yn Olivais wenjen en naam de namme Antonius oan (neffens de namme fan de lytse kapel fan dy hermitaazje, dy't wijd wie oan Antonius de Grutte).

Antonius ferliet doe Olivais en gyng nei Marokko om syn nije ropping ynfolling te jaan en it evangeelje nei de moslims te bringen. Hy waard dêr lykwols slim siik n ferliet it lân om yn Portugal wer better te wurden. Op 'e weromreis waard it skip lykwols út koers blaasd en sa kaam Antonius oan op Sisylje.

 
Byld fan Sint-Antonius yn de Ljouwerter Bonifatiustsjerke

Fan Sisylje reizger er nei Toskane, dêr't er in kleaster fan de oarder tawiisd krige, mar fanwegen syn syklike steat kaam er úteinlik telâne yn in lannelike hermitaazje yn 'e omkriten fan Forlì, Romagna. Yn in grot yn 'e buert fan dy hermitaazje brocht er de tiid yn gebed en stúdzje troch.

 
Antonius (lofts mei fisk yn 'e hannen) en Fransiskus (Friedrich Pacher, 1477)

It barde ris by in wijing yn 1222 yn Forlì dat in groep Dominikanen oanwêzich wie en der in misferstân ûntstie oer de fraach wat preekje soe. De Fransiskanen tochten dat ien fan de Dominikanen de preekstoel op gyng, want hja hiene úteinliks net foar neat de namme preekhearen. Mar de Dominikanen hiene harren net taret en tochten dat in Fransiskaan de preek fersoargje soe. It wie in lestige sitewaasje foar it haad fan de hermitaazje, want ûnder syn ienfâldige muonsten seach er net ien kapabel genôch foar dy taak. Dat hy frege lang om let Antonius mar om de preek te dwaan. Antonius hie der net in soad nocht oan, mar hie liet him oerhelje en de preek dy't er ôfstiek makke djippe yndruk. Net allinne syn rike stim mar ek it tema, de opbou fan syn wurden en syn oandwaanlike ferskining soargen der foar dat de oanwêzich mei in soad niget nei de wurden fan Antonius harken. Elk wie tige ûnder de yndruk fan syn kennis fan de Skrift, dy't er him yn syn jierren as augustynske muonts sa eigen makke hie.

Op dat stuit waard Antonius troch de muonts Gratian nei de fransiskaanske provinsje Romagna stjoerd, dy't yn Bologna in fêstiging hie. Hy krige al gau de oandacht fan Fransiskus fan Assisi, de stifter fan de oarder. Fransiskus stelde grutte fraachtekens by it plak fan de teologyske stúdzjes yn it libben fan syn bruorskip en wie benaud dat it tekoart oan kunde liede soe ta it opjaan fan de tawijing oan in libben fan echte earmoed. Yn Antonius seach er lykwols in echte geastessibbe, dy't yn steat wie jonge muontsen fan de oarder de lear te jaan dy't se nedich hiene om in tawijd libben te lieden. En sa betroude er yn 1224 de jonge muontsen oan de soarch fan Antonius ta.

De reden wêrom't Antonius' help ynroppen wurde kin foar it finen fan saken dy't stellen of ferlern binne hat te meitsjen mei in foarfal yn Bologna. Neffens it ferhaal hie Antonius in psalmboek dat foar him fan belang wie, om't der oantekenings en opmerkings yn stiene dy't er brûkt hie by it lesjaan oan de studinten. In novise dy't it beslút nommen hie om de oarder wer te ferlitten naam lykwols it psalmboek temûk mei. Yn in tiid dat in boek in tige weardefol besit wie soe it foar in fransiskaanske muonts fanwegen it ûnthjit fan earmoed tige dreech west hawwe om it te ferfangen. Doe't er fernaam dat it psalmboek ûntbriek, bidde Antonius fûleindich dat it fûn of werom brocht wurde soe. De dief wie sa oandien, dat er it boek werom joech en him wer by de oarder foege. It psalmboek wurdt noch jimmeroan yn it fransiskaanske kleaster fan Bologna bewarre.

 
Sint-Antonius makket in man mei in brutsen skonk better (1873, lito fan L. Gruner))
 
Lêzende Antonius (Marcantonio Bassetti)

Ut en troch die Antonius ek noch wolris wurk as dosint oan de universiteit fan Montpellier en Toulouse yn Súd-Frankryk. Mar as preker kaam Antonius altiten as bêste út de farve. Neffens de histoarikus Sophronius Clasen preke Antonius de grutme fan it Kristendom. Yn syn preken wist er de Skrift mei in allegoaryske en symboalyske útlis oan de man te bringen. Yn 1226 nei in generaal kapittel fan syn oarder bywenne te ha yn Arles, Frankryk, en evangelisearre te hawwen yn de Provence, reizge er nei Itaalje werom en waard er oanwiisd as de provinsjale oerste fan noardlik Itaalje. Hy keas Padua as syn lokaasje.

As gesant fan it generale kapittel reizge Antonius yn 1228 nei paus Gregoarius IX. It pauslike hôf bejubele syn preken en hie krige de opdracht om in samling preken te meitsjen foar de feestdagen. Gregoarius IX omskreau Antonius as de "Arke fan it Testamint" (Doctor Arca testamenti).

De dea fan Antonius

bewurkje seksje

Antonius krige yn 1241 ergotisme ûnder de lea, in sykte dy't immen krije koe troch fan skimmel oantaast nôt te iten. Hy loek him mei twa oare bruorren werom yn de bosken by Camposampiero en dêr wenne er yn in hut dy't se foar him ûnder de takken fan in beam boud hiene. Antonius ferstoar op de weromreis nei Padua op 13 juny 1231 yn it Klarristenkleaster fan Arcella (tsjintwurdich Padua) yn 'e âldens fan 35 jier.

Op fersyk fan Antonius waard er begroeven yn de lytse tsjerke fan Santa Maria Mater Domini tichteby it kleaster dat er yn 1229 sels stifte hie yn Padua. Mar Antonius hie in soad oansjen en al gau waard der troch de bewenners fan de stêd krewearre foar de bou fan in grutte basilyk, dy't fan 1232 oant 1301 plakfûn. De lytse Santa Maria Mater Domini waard yn de grutte basilyk yntegrearre as de Cappella della Madonna Mora (Kapel fan de Swarte Madonna). Under de befolking stiet de basilyk bekend ûnder de namme Il Santo ("de hillige").

Om de dea fan Antonius hinne ûnstiene tal fan legindes. Sa is it ferhaal dat by syn ferstjerren de bern yn de stêd begûnen te skriemen en dat de klokken fan de tsjerken út harrensels begûnen te lieden. Antonius is byset yn in kapel fan de grutte tsjerke dy't se foar him bouden. Dêr wurdt ek de tonge bewarre yn in kostber relikwarium, tegearre mei syn ûnderkaak en syn stimbannen. Doe't syn lichem 30 jier nei syn dea opgroeven waard foar de nije bysetting wie der net folle oars oer as in bonkerak, mar de tonge wie yntakt en fochtich, in ferwizing nei syn jefte dat er sa goed preekje koe. Op 1 jannewaris 1981 stie paus Jehannes Paulus in wittenskiplik team ta om de oerbliuwsels fan de hillige te bestudearjen en op 6 jannewaris fan dat jier waard de tombe wer iepene.

Hillichferklearring

bewurkje seksje
 
Sint-Antonius op in glês-yn-leadraam yn de Petrus en Paulustsjerke fan Clonmel, Ierlân

Antonius waard op 30 maaie 1232, minder as in jier nei syn dea, yn de katedraal fan Spoleto troch paus Gregoarius IX hillich ferklearre.

 
Antonius neffens El Greco

De rykdom fan syn spirituele bydrages yn de preken wie sa grut, dat de hillige op 16 jannewaris 1946 troch paus Pius XII de titel Doctor Evangelicus (tsjerkfaar) ferliend waard.

Antonius waard troch de Portugeeske missy oeral in populêre hillige en hy stiet bekend as ien fan de meast ferneamde folgers fan Fransiskus fan Assisi. Hy is de patroanhillige fan Lissabon, Padua en in hiel soad plakken yn Portugal en yn de lannen dy't ea hearden ta it Portugeeske ryk. Sint-Antonius wurdt yn Portugal, Spanje en Brazylje as houlikshillige beskôge, om't der legindes binne dat er it wer goed meitsje koe tusken man en frou. Op 13 juny, syn feestdei, hawwe de minsken yn Lissabon frij en wurde der yn de stêd parades en houliken fierd.

 
It Wûnder mei de Ezel (Gerard David, 1530)

De Amearikaanske stêd San Antonio is nei him ferneamd. Ek yn Yndia is de tawijing oan Sint-Antonius grut. Yn Uvari, yn Tamil Nadu, wurdt yn in Antoniustsjerke it houten byld troch grutte oantallen pylgers fereare, dêr't oer sein wurdt dat it de hiele bemanning fan in Portugeesk skip better makke fan goalera. Ek yn Sry Lanka bestiet in grutte ferearing en dêr wurdt it hillichdom fan Sint-Antonius yn Kolombo troch sawol katoliken as net-katoliken. Op de katolike Filipinen en East-Timor bestiet der ek in algemiene ferearing fan de hillige.

Hy wurdt benammen oanroppen foar saken dy't ferlern binne. Oan him wurde in soad wûnders taskreaun.

Yn it ferline wiene der spesjale bidsnoerkes om Antonius te ferearjen. It tal kralen wie bassearre op it tal 13 . Mei de kralen koene leauwenden meditearje oer de trettjin deugden fan de hillige. Guon fan dy bidsnoerren waarden makke troch leden fan bruorskippen dy't Antonius as beskermhillige hiene.

Doe't it tal Fransiskaanske hilligen tanaam wie it habyt allinne net mear genôch om de hillige werom te kennen. Om de hillige te ûnderskieden moast der in attribút tafoege wurde. Faak is de hillige te sjen mei in iepen boek yn 'e hân en it Kristusbern op 'e earm. Yn de rin fan de tiid waard it Kristusbern jimmeroan grutte ôf- of útbylde, sadat it boek somtiden hielendal ferdwûn. Meastentiids draacht er yn de ikonografy in wite leelje, dat syn suverens fertsjintwurdiget. Ek komt in hert mei flammen foar, in ferwizing nei syn fisionêre iver.

Yn 1511 skildere Tytsiaan trije grutte fresko's yn de Scuola del Santo yn Padua fan wûnders út it libben fan Antonius: It Wûnder fan de oergeunstige Man, dat it ferhaal ôfbyldet fan de moard fan in jonge frou troch har man; In Bern dat tsjûget fan de Unskuld fan syn Mem en de Hillige dy't in jonge Man mei in brutsen ledemaat genêst.

Om't der in leginde bestiet dat de hillige ea preke tsjin in fisk, wurdt dy somtiden op foarstellings as attibút tafoege. In oar bist is de ezel, dy't ferwiist nei in leginde oer in weddenskip fan Antonius mei in Kataarske ketter. Doe't de ketter gjin earbied opbringe woe foar de hosty, wedde Antonius dat syn ezel dat wol dwaan soe. De ezel krige dêrnei trije dagen gjin iten en mocht nei dy trije dagen kieze tusken in folle bak foer of in hosty. Ta grutte fernuvering fan de ketter joech de ezel de kar oan de hosty en sakke út earbied foar de hosty troch de poaten.

Ofbylden fan Antonius yn de keunst

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: