Sint-Antoniusbasilyk (Padua)
De Pontifikale Basilyk fan Sint-Antonius fan Padua (Italjaansk: Basilica Pontificia di Sant'Antonio di Padova; lokaal stiet de tsjerke ek bekend as Il Santo) is in roomske tsjerke yn Padua yn Itaalje. De oan Sint-Antonius wijde tsjerke draacht de earetitel basilica minor. De tsjerke is in beafeartstsjerke en in drok besocht hillichdom. Minsken út de hiele wrâld komme dêr foar de reliken fan Antonius, dy't yn Padua stoarn is.
Sint-Antoniusbasilyk
Basilica di Sant'Antonio | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Veneto | |
provinsje | Padua | |
plak | Padua | |
adres | Piazza del Santo, 11, 35123 Padova PD | |
koördinaten | 45°24'N 11°52'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Antonius fan Padua | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1238 | |
boustyl | Romaanske, goatyske en byzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side fan de basilyk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou begûn nei alle gedachten om 1232 hinne, noch mar in jier nei de dea fan Sint-Antonius.
Sint-Antonius woe graach yn 'e lytse Santa Maria Mater Domini-tsjerke begroeven wurde, in let 12e-iuwsk tsjerkegebou dat tichteby it kleaster lei dat er yn 1229 stifte hie. Nei't al gaueftich wûnders by syn tombe barden, gongen hiele kloften minsken nei de tsjerke, ynearsten út de omkriten, mar letter ek út de lannen boppe de Alpen. Under oanfjurring fan Padua en syn ynwenners sette it proses útein dat yn rap tempo ta de hillichferklearring fan Antonius troch paus Gregoarius IX op 30 maaie 1232 yn 'e katedraal fan Spoleto late. Tagelyk begûn de bou fan in nije, grutte tsjerke op it plak fan de Santa Maria Mater Domini. Dy tsjerke waard yntegrearre yn 'e foar Antonius stifte nijbou en is tsjintwurdich bekend as de Cappella della Madonna Mora (Kapel fan 'e Swarte Madonna).
Yn 1310 wie de tsjerke foltôge, al hawwe dêrnei noch ferskillende feroarings plak fûn. Fral in brân en it as gefolch dêrfan ynstoarten fan in klokketoer yn 1394 joech dêrta oanlieding. In wichtige 15e-iuwske feroaring wie de tafoeging fan in koeromgong en de werynrjochting fan it koer mei de bou fan in doksaal. Tusken 1464 en 1467 wurke Pietro Lombardo, ien fan 'e meast foaroansteande arsjitekten út dy tiid, yn 'e basilyk en hy boude de renêssânsemonuminten Antonio Roselli (1464) en it grêfmonumint Jacopo Pavini (1467).
Padua wie yn 1509 it sintrum fan geweld yn 'e Kriich fan de Hillige Liga. De basilyk lei tichteby de fêsting en hie dêrom slim te lijen fan 'e bombardeminten fan it keizerlik en Frânske leger en it wikseljende front tusken de belegere Feneesjaanske toepen en dy fan 'e fijân.
Yn 'e 20e iuw waarden de troch de jierren hinne slim fertutearzge fresko's restaurearre.
Op 29 maaie 2012 rekke de basilyk skeind troch in swiere ierdskodding yn 'e regio Emilia-Romagna. Alhoewol't it epysk sintrum sa'n 100 kilometer fierder lei foel in oerflak fan 3 m² fan it troch Casanova oanbrochte stúkwurk nei ûnder en ûnstiene der skuorren yn 'e koepels.[1]
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe ûnbidich grutte tsjerke fertsjintwurdiget net in suvere boustyl. Troch de iuwen hinne waard de tsjerke fergrutte neffens de doe jildende moade. De nije tsjerke wie ynearsten in ienskippich bouwurk, lykas dy fan Sint-Fransiskus yn Assisi mei in apsidaal koer, brede transepten en in tsjerkeskip fan twa fjouwerkante traveeën. It eksterieur is in mingeling fan romaanske, byzantynske en in pear goatyske stylfoarmen: de bakstiennen gevel is romaansk, de steunbearen goatysk en de acht koepels byzantynsk en de slanke 68 meter hege twillingtuorren lykje hast minaretten. De apsis mei in ribferwulft, koeromgong en neffens Frânsk foarbyld in krâns fan kapellen is ek goatysk. Yn 1691 waard noch in barokke kapel tafoege troch Filippo Parodi, in learling fan Bernini .
De koepels dogge net allinne tinken oan de San Marco-basilyk yn Feneesje, mar ek oan 'e Frânske romaanske arsjitektuer yn 'e Périgord, dy't ek op Byzantynske foarbylden werom grypte.
Foar iuwen waard it plein fan de basilyk brûkt as tsjerkhôf. Guon tombes binne bewarre bleaun, lykas dy fan de jurist Antonio Orsato, dy't yn 1497 ferstoar.
Yn 'e kleastergong fan it kapittelhûs steane de grêfmonuminten fan 'e professors fan 'e Universiteit fan Padua, ûnder oare dy fan Bonjacopo Sanvito en Raniero Arsendi.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe meast ferneamde keunstwurken fan 'e basilyk binne te finen yn it koer. It haadalter en it prysterkoer wurde ôffrede mei in kommunybank mei dêrop fjouwer brûnzen bylden fan Tiziano Aspetti (1594). De byldhouwer Donatello levere de brûnzen reliëfs (1448 en letter) dy't de romte behearskje en de krusifiks (1446) boppe it alter. De likernôch 30 oare bylden boppe en om it alter hinne binne it 19e-iuwske wurk fan Camillo Boito. Njonken it alter stiet in grutte brûnzen kandler (1515) fan Andrea Briosco.
De reliken fan Sint-Antonius binne te finen yn 'e 17e-iuwske barokke "Kapel fan 'e Skat" (ek: Cappella delle reliquie, "Kapel fan de Reliken"). It is it meast eastlike diel fan 'e tsjerke en it hat in rûn grûnflak. Foar de bou fan 'e Kapel fan 'e Skat moast in oan Fransiskus wijde, folle lytsere kapel út de twadde helte fan 'e 13e iuw wike. Nei de ôfbraak waard yn trije jier de bou fan 'e rûne kapel foltôge. Dêrnei duorre de dekoraasje fan 'e kapel noch ferskate jierren. De koepel op 'e kapel waard yn 1739 ferfongen troch de hjoeddeiske, nei't dy drige yn te stoarten. De reliken ferhûzen pas yn 1745 fan 'e sakristy nei de nije kapel.
Yn 'e sintrale nis wurdt dêr de tonge fan Antonius yn in kostbere relykhâlder út 1436 bewarre. By de earste grêfiepening waard de tonge geef en net oantaaste oantroffen. It kin fan 'e hillige wurdt bewarre yn in relikwarium fan 1350. By it lêste wittenskiplik ûndersyk waarden de stimbannen fan 'e hillige weinommen en yn in modern relikwarium út 1981 byset. Yn in oare moderne relykhâlder (1982) wurde in bonke fan 'e foet, in stikje kin en wat lichemshier bewarre. Oare oantinkens oan Antonius binne syn habyt en de kist dêr't er yn lein hat. Yn in sulveren kist út 1437 wurdt in fragmint fan it Wiere Krús bewarre. Njonken reliken wurdt yn 'e meiïnoar trije nissen ek liturgysk reau lykas tsjelken, patenen, misboeken en eks-fotofoarwerpen útstald.
Tusken it koer en it noardlike dwersskip is de tagong te finen nei de oarspronklike Santa Maria Mater Domini, de hjoeddeiske Kapel fan 'e Swarte Madonna (Cappella della Madonna mora). It is de kapel dêr't Antonius neffens syn winsk ynearsten byset waard. Troch de Kapel fan 'e Swarte Madonna is in tagong nei de Kapel fan 'e Sillige Luca (Capella del beato Luca). It alter datearret fan 'e 13e iuw. De fresko's yn 'e kapel stamme fan Giusto de' Menabuoi en binne yn 1382 oanbrocht. Yn 'e tombe lizze de oerbliuwsels fan 'e yn 1927 sillich ferklearre Fransiskaanske muonts Luca Belludi.
Tsjintwurdich rêst de hillige yn 'e oangrinzgjende Antoniuskapel (Capella di San Antonio), dy't fan 'e 16e iuw datearret en it noardlike dwersskip foarmet. Wylst in stil gebed útsprutsen wurdt, reitsje pylgers dêr de griene moarmeren plaat oan, dy't oer de tombe fan 'e hillige leit. It alter stiet op in ferheging en is it wurk fan Tiziano Aspetti (1607). De trije bylden fan Sint-Antonius (sintrum) en de Fransikaanske biskoppen Sint-Bonaventura en Loadewyk fan Toulouse datearje fan 1593-1594. De muorren fan 'e kapel binne fersierd mei njoggen 16e-iuwske moarmeren reliëfs fan ferskate keunstners oer it libben en de wûnders fan Antonius.
Yn 'e tsjerke binne fierders in grut tal monumintale grêfmonuminten dy't fan 'e 15e oant 17e iuw datearje.
Kleaster
bewurkje seksjeSint-Antonius bleau mar in pear moannen yn it kleaster fan 'e hjerst 1229 oant maaie 1230 fan it folgjende jier. Doe't der nei syn dea in begjin makke waard mei de bou fan 'e nije basilyk waard it kleaster fierder nei it suden ta op 'e nij boud. Ek yn 'e 14e iuw wiene der noch in grut tal ferbouwings en fergruttings, oant it kleaster yn 'e 15e iuw it hjoeddeiske oansjen krige. Súdlik fan 'e tsjerke grinzgje meiïnoar fjouwer krúsgongen, dy't yn 'e 15e iuw oanboud binne en dêr't in grut tal tombes en grêfmonuminten te sjen binne.
- De namme fan 'e "Kleastergong fan it Novisiaat" komt fan 'e novises, jonge manlju dy't der wennen oant se harren ûnthjitten ofleine. Yn dy kleastergong is it grêf fan 'e komponist Francesco Antonio Bonporti te sjen.
- De "Kleastergong fan 'e Magnolia" wurdt sa neamd fanwegen de monumintale en seldsume Magnolia grandiflora yn 'e binnenhôf. It hjoeddeiske oansjen fan 'e kleastergong datearret fan 1433. De kleastergong wurdt ek wol nei it kapittel ferneamd, om't hjir in tagong nei de kapittelseal wie dêr't de muontsen byinoar kamen.
- De "Kleastergong fan it Paradys" is 15e-iuwsk, mei in modern diel út 1963 neffens ûntwerp fan Danilo Negri. De namme is te tankjen oan 'e binnenhôf, dat eartiids in tsjerkhôf wie.
- De "Kleastergong fan 'e Generaal" is yn 1436 boud yn let-goatyske styl, neffens ûntwerp fan Cristoforo da Bolzano. De namme is ûntliend oan it feit dat dêr in appartemint wie fan 'e abt-generaal fan 'e oarder as er yn Padua wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|