Assisi
Assisi is in stêd en gemeente yn 'e provinsje Perugia yn 'e regio Umbrje yn Itaalje.
Assisi | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
regio | Umbrje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 27.443 31.10.2023 | |
Oerflak | 187,19 km² | |
Hichte | 424 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 06081 | |
Koördinaten | 43° 04' N 12° 37' E | |
Offisjele webside | ||
comune.assisi | ||
Kaart | ||
It midsiuwske stedsbyld mei de stedsmuorre en de fêsting Rocca Maggiore bleaune goed bewarre en waarden mei Fransiskaanske moniminten yn it jier 2000 tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
De stêd is it berteplak fan de Latynske dichter Propertius, Sint-Fransiskus, dy't de oarder fan de Fransiskanen yn 1208 stifte en Sint-Klara, stiftster fan 'e Earme Susters, de lettere Oarder fan Earme Klarissen. It is ek it plak dêr't de 19e-iuwske Gabriel fan Us-Leaffrou fan Smerten berne is.
Skiednis
bewurkje seksjeNei de Slach by Sentinum feroveren de Romeinen fanôf 295 f.Kr. it gebiet op 'e Etrusken. Ut de Romeinske tiid datearje noch in tal monuminten: de stedsmuorren, it foarum (tsjintwurdich Piazza del Comune), in teäter, in amfiteäter en de Minervatimpel (no de Santa Maria sopra Minerva). Yn 1997 waarden noch de resten fan in Romeinske filla fûn mei mozaïken yn in poerbêste steat, sa't dy selden fûn binne.
Biskop Rufinus brocht yn 238 nei Kristus it kristendom nei Assisi. Syn reliken wurde yn 'e nei de biskop ferneamde domtsjerke fan Assisi bewarre. Assisi waard foar in grut diel yn 545 troch Ostrogoaten ferneatige. Assisi waard ûnderdiel fan it hartochdom Spoleto.
Yn 'e 11e iuw waard de bloeiende stêd in ûnôfhinklike ghibellynske mienskip. De stêd hie it jimmeroan oan 'e stok mei it Welfyske Perugia en by ien fan dy fjildslaggen, de Slach by Ponte San Giovanni, waard de grutte katolike hillige Francesco di Bernardone (Fransiskus fan Assisi) finzen nommen. Dat wie it momint dat foar him lang om let late ta it ôfwizen fan wrâldske rykdommen en de stifting fan 'e Oarder fan 'e Minderbruorren.
Yn 'e 13e iuw begûn de stêd bûten de âlde Romeinske muorren út te wreidzjen. Dat barde yn in tiid dat de stêd ûnder it pauslike gesach foel. Troch de útbraak fan 'e pest yn 1348 rekke de stêd swier yn it neigean. De Rocca Maggiore, it fort boppe op 'e stedsheuvel dat yn 1189 troch it folk plondere wie, waard yn 1367 yn opdracht fan 'e pauslike legaat, kardinaal Gil de Albornoz, wer opboud. Nei't ferskillende despoaten neitiid de stêd bestjoerden, kaam de stêd letter wer ûnder de jurisdiksje fan paus Pius II (1458–1464). Yn 'e tiid fan 'e renêssânse ûntwikkele de stêd him rêstich en fredich.
Tsjintwurdich is Assisi in beafeartsplak. Tegearre mei Katarina fan Siena is de yn Assisi berne Fransiskus de beskermhillige fan Itaalje. Fransiskus, dy't sels yn guon rûnten fan net-kristenen fereare wurdt, stie fral bekend fanwegen syn leafde foar de natoer. Ien fan 'e oerleveringen oer de hillige is dat er preke foar fûgels.
De stêd waard yn septimber 1997 troffen troch twa swiere ierdskoddings. In soad histoaryske gebouwen rekken slim skeind, mar it meast ferneamde monumint, de Sint-Fransiskusbasilyk, waard twa jier letter al wer iepene.
-
Stedspanorama.
Monuminten
bewurkje seksjeUNESCO hat yn 2000 alle Fransiskaanske bouwurken yn Assisi kollektyf as wrâlderfgoed oanwiisd.
Tsjerken
bewurkje seksje- De San Francesco d'Assisibasilyk bestiet út in beneden- en boppetsjerke. It is de grêftsjerke fan Sint-Fransiskus. Sûnt 1756 is it in basilica maior, ien fan 'e katolike tsjerken mei de heechste status. De basilyk is beskildere mei fresko's út de tiid fan 'e renêssânse. By de swiere ierdskoddings fan 1997 stoarten de ferwulften foar in part yn, wêrby't fjouwer minsken omkamen. Nei in restauraasje iepene de tsjerke twa jier letter de doarren wer. Oan 'e tsjerke slút it Sacro Convento oan.
- De Duomo San Rufino (Sint-Rufinuskatedraal) is in romaanske tsjerke, dêr't biskop Rufinus fan Assisi te rêste lein waard nei't dy yn 'e 3e iuw fermoarde waard. De gevel hat trije roasfinsters en in 16e-iuwsk ynterieur.
- De Santa Maria Maggiore (Tsjerke fan Marije de Meardere) is de âldste noch besteande tsjerke fan Assisi en wie oant 1039 de katedraal fan Assisi.
- Yn 'e Basilica di Santa Chiara (Sint-Klarabasilyk) leit Sint-Klara begroeven. De bou fan 'e tsjerke mei in ienfâldich goatysk ynterieur en 13e-iuwske fresko's en skilderijen sette yn 1257 útein.
- De Basilica di Santa Maria degli Angeli (Tsjerke fan Sint-Marije fan 'e Ingels) waard om de kapel hinne boud dêr't Sint-Fransiskus ferstoar.
- De Chiesa Nuova oan it Piazza Chiesa Nuova is in yn it begjin fan 'e 17e iuw boude tsjerke op it plak dêr't it âldershûs fan Fransiskus stien hat en dêr't de hillige nei alle gedachten berne is.
- De romaanske Santo Stefano waard yn 'e 13e iuw boud.
- De Santa Maria sopra Minerva wie oarspronklik in Romeinske timpel út de 1e iuw f.Kr.
- De Chiesa di San Pietro is in Benediktynske kleastertsjerke, oarspronklik boud yn 'e 10e iuw en yn 'e 13e iuw op 'e nij boud; yn 'e goatyske Kapel fan it Hillich Sakramint wurdt in retabel bewarre fan Matteo di Gualdo.
- De Chiesa di San Damiano is in eardere kleastertsjerke. De tsjerke leit mei it kleaster bûten de stedsmuorren tusken fjild en olivebeammen. Yn it kleaster wenne Sint-Klara mei har mienskip.
- It Eremo delle Carceri stiet in pear kilometer bûten Assisi en is it plak dêr't Fransiskus allinne wêze woe en foar de fûgels preke.
- Krekt bûten Assisi leit de Santa Maria di Rivotorto op it plak, dêr't Fransiskus de regels fan 'e oarder fêstlei.
Oare monuminten
bewurkje seksje- De stêd hat twa midsiuwske kastielen. Rocca Maggiore is it gruttere kastiel fan kardinaal Albornoz. It lytsere Rocca Minore stiet noardeastlik fan 'e stêd.
- It Romeinske amfiteäter datearret út de 1e iuw en wurdt omfieme troch midsiuwske hûzen. De arena tsjinnet hjoeddedei as grienfoarsjenning.
- Oan it Piazza del Comune lizze it Palazzo del Capitano del Popolo út it midden fan 'e 13e iuw, de Torre del Popolo (1305), en it Palazzo dei Priori (1275-1493). De fontein mei de trije liuwen oan 'e súdlike kant fan it plein stamt út de 16e iuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelstalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Assisi
|