De Sint-Rufuskatedraal (Italjaansk: Duomo San Rufino yn Assisi, Itaalje, is de katedraal fan it bisdom Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino. Yn 'e katedraal waard Fransiskus fan Assisi (1182) en Klara van Assisi (1193) doopt.

Sint-Rufinusdom

Duomo San Rufino

Lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Perugia
plak Assisi
adres Piazza San Rufino 3
koördinaten 43° 4' N 12° 37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino
patroanhillige Rufinus fan Assisi
Arsjitektuer
boujier 1140-1228
boustyl Romaanske arsjitektuer
Webside
Side bisdom
Kaart
Duomo San Rufino (Itaalje)
Duomo San Rufino

De romaanske tsjerke waard sûnt 1140 neffens it ûntwerp fan Giovanni da Gubbio boud. Yn 1228 wijde paus Gregoarius IX it alter, doe't er yn Assisi wie om Fransiskus hillich te sprekken. Paus Innocentius IV wijde de hiele tsjerke yn it jier 1253.

Arsjitektuer

bewurkje seksje
 
Haadportaal.

De gevel fan 1134 heart ta de moaiste yn syn soarte yn Umbrje. De stiennen foar de bou fan 'e gevel stamme fan 'e Monte Subasio. Om it 12e-iuwse sintrale roasfinster binne de symboalen fan 'e evangelisten oanbrocht. De portalen binne bysûnder ryk dekorearre. It sintrale portaal toant in troanende Kristus tusken sinne en moanne. Njonken Kristus is in troanende Madonna mei Bern (links) en Sint-Rufinus (rjochts) te sjen. Dêrnjonken wurde planten, fûgels en hilligen útbylde.

De klokketoer waard yn 'e 11e iuw boud en stiet efter de apsis fan 'e eardere tsjerke, dy't troch biskop Ugone yn 1029 boud wie. De spits fan 'e toer datearret út de 13e iuw. It fûnemint fan 'e toer stiet op in romeinske systerne.

Yn 1571 waard it romaanske ynterieur troch de arsjitekt Gian Galeazzo Alessi út Perugia yn 'e styl fan 'e Italjaanske renêssânse fernijd.

By de tagong is rjochts in doopfont, dêr't ek de hilligen Fransiskus, Klara en Gabriël (1838) doopt waarden. De barokke Kapel fan it Hillich Sakramint rjochts waard yn 1541 tafoege en yn 1663 útwreide. Fresko's fan Giacomo Giorgetti (1663) fersiere de kapel en de njoggen skilderijen datearje fan 'e 17e-iuwske skilder Andrea Carloni.

 
Heechalter.

De Kapel fan Us-Leaffrou fan Treast waard yn 1496 nei in wûnder boud. Twa jier earder hiene tsjûgen sjoen dat in Marije-byld oer Kristus yn har earms gûlde. It 15e-iuwske Dútske terrakotta byld waard okkerlêsten stellen en is yntusken troch in houten kopy ferfongen.

It heechalter út de 19e iuw stiet yn it renêssânse koer boppe it bonkerak fan de hillige Rufinus. Yn 'e apsis stiet it koerstuoltme fan Giovanni di Piertacopo da San Severino (1520). It byld fan 'e hillige Rufinus fan François Lemoyne stiet yn it midden fan it koer.

Der binne yn 'e katedraal ferskillende skilderijen fan Dono Doni: de Oanbidding fan Kristus troch de Hilligen (1555), de Krusiging (1563)en de Krúsôfname (1562).

Under de katedraal is in krypte mei in romeinske sarkofaach út de 3e iuw, dêr't de hillige Rufinus yn leit.

Yn it oanbuorjende katedraalmuseum binne fresko's út de 13e iuw, reliken en âlde hânskriften te sjen. It wichtichste keunstwurk is in triptyk fan Madonna mei Bern en hilligen fan Nicolò Alunno (1470).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Assisi