Rocca Maggiore
De Rocca Maggiore is in kastiel boppe it histoaryske sintrum fan 'e Italjaanske stêd Assisi. In lytser kastiel leit foar de Rocca Maggiore oer en wurdt Rocca Minore neamd.
Rocca Maggiore | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Assisi | |
koördinaten | 43° 4' N 12° 36' E | |
Kaart | ||
It kastiel dominearret al mear as acht iuwen de stêd en de delling fan de Tescio en foarme de belangrykste ferdigeningspost fan it gebiet. De Rocca Maggiore foarmet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Assisi, de Sint-Fransiskusbasilyk en oare Fransiskaanske plakken'.[1]
Skiednis
bewurkje seksjeIt kastiel waard foar it earst yn 1173 neamd en it waard nei alle gedachten op Etruskyske ruïnes boud troch keizerlike troepen û.l.f. aartsbiskop Kristiaan fan Mainz, dy't it gebiet foar keizer Freark Barbarossa besette. De noch jonge en takomstige kening fan Sisylje en keizer Freark II hat der noch in skoft wenne.
Yn 1198 gie de stêd oer yn hannen fan 'e Welfen fan paus Innosintius III. It folk ferdreau de keizerlike legaat en ferneatige it fort. Freark wie doe noch mar fjouwer jier; yn dy tiid wie Fransiskus fan Assisi sechtjin jier.
It hjoeddeiske kompleks waard troch kardinaal Albornoz wer opboud, as tarieding foar it weromkommen fan 'e pausen fan harren ferballing yn Avignon en de fersterking fan 'e Tsjerklike Steat. De folsleine útbou fan it kastiel soe lykwols noch in iuw duorje. Earst yn 1538, doe't kastielen harren betsjutting as militêre ferdigeningsforten hast ferlern hiene, waard de fêsting foltôge.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt kastiel leit op de top fan in rots en makke sa it graven fan in grêft oerstallich. De muorren wurde troch rjochthoekige hoektuorren beskerme. De grutte donjon en de muorren mei kantelen en warharkenielen datearje noch út de begjintiid fan it kastiel. Op 'e earste ferdjipping fan it paleis is noch in grutte seal mei rike fersiering. Yn ferhâlding is de binnenhôf fan it kastiel net grut. Healwei de 15e iuw boude Giacomo Piccinino in tolvesidige toer yn it west fan it kastiel oan in muorre mei in wargong. De lêste útbou fûn yn 'e jierren 1530 plak. Doe waard yn opdracht fan Paulus III in rûn bastion by de tagong boud, dêr't de artillery plak hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsk- en Dútsktalige Wikipedyside; sjoch: en:Rocca Maggiore en de:Rocca Maggiore
|