Basilica di San Francesco (Assisi)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
De Basilica di San Francesco (Basilyk fan Sint-Fransiskus) is in basilica maior fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. De basilyk stiet yn 'e Italjaanske stêd Assisi en foarmet de grêftsjerke fan Sint-Fransiskus, de stifter fan 'e oarder fan 'e minderbruorren.
De basilyk bestiet út in romaanske beneden- en in goatyske boppetsjerke en waard yn 1253 foltôge. De klokketoer is romaansk en datearret fan 1299. Under de tsjerke leit de krypte, dêr't de hillige Fransiskus begroeven is.
Bouskiednis
bewurkje seksjeNei it ferstjerren fan Fransiskus waard de muonts begroeven yn 'e San Giorgio yn Assisi. Twa jier letter ferklearre paus Gregoarius IX yn dy tsjerke de muonts hillich. Ien fan 'e muontsen, Elias, krige opdracht in basilyk te bouwen, dêr't de hillich ferklearre Fransiskus in lêste rêstplak fine soe. Nei alle gedachten waard al yn 1227 mei it grûnwurk begûn, dat fanwegen de lokaasje op 'e steile helling fan 'e Monte Subasio nedich wie. Paus Gregoarius IX lei op 17 july 1228 persoanlik de earste stien foar de tsjerke, ien dei nei de hillichferklearring fan Fransiskus.
Op 25 maaie 1230 waard it lichem fan 'e muonts op 'e nij begroeven yn 'e tsjerke. Fanwegen benaudens foar ûnthilliging en hannel yn reliken fûn de bysetting fan Fransiskus yn it geheim plak en waard ûnder de krusing fan 'e tsjerke in ferburgen rotsgrêf makke. Pas yn 1818 waard it grêf fan de hillige ûnder it alter fan 'e benedentsjerke wer ûntdutsen, bleatlein en tagonklik makke.
De benedentsjerke waard yn 'e jierren nei de bou troch de bêste keunstners út dy tiid dekorearre mei fresko's, lykas Simone Martini, Pietro Lorenzetti en Giotto. Cimabue tekene foar in ferneamd skilderij fan Fransiskus.
Fuort nei de foltôging fan 'e benedentsjerke waard de boppetsjerke boud. Oan 'e muorren fan it tsjerkeskip binne fresko's fan Giotto oer it libben fan Sint-Fransiskus te sjen. Dêrnjonken binne der fresko's fan Cimabue en Jacopo Torriti. Yn 1253 wijde paus Innosintius IV it hiele bouwurk yn. Paus Benediktus XIV joech de tsjerke de status fan patriarchale basilyk.
Oft de tsjerke fanôf it begjin mei in boppe- en benedentsjerke pland wie of dat geande de bou dat idee ûntstie is net alhiel dúdlik. Oan 'e tsjerke is it oanbuorjende kleaster Sacro Convento ferbûn, it sintrum fan alle Fransiskaanske kleasters.
Ierdskodding
bewurkje seksjeYn 'e moarn fan 26 septimber 1997 waard de regio troffen troch twa ierdskoddings fuort efterinoar; ien fan 5.6 en ien fan 6.1 op 'e Skaal fan Richter. De ierdskoddings brochten grutte skea en in soad âlde monuminten waarden ferneatige of skeind. Doe't in groep spesjalisten de skea fan 'e basilyk opnamen en in neiskok it gebou skodzjen die, stoarte in diel fan it ferwulft yn. Twa Fransiskaanske muontsen dy't mei de groep yn 'e basilyk wiene kamen mei noch twa spesjalisten by de ramp om it libben. De fresko's fan 'e syklus fan Sint-Fransiskus fan Giotto yn de boppetsjerke waarden licht skeind, mar dy fan it ferwulft wiene yn grús feroare en moasten allegear wer byinoar socht wurde foar de rekonstruksje fan it ferwulft. De tsjerke bleau twa jier ticht foar de rekonstruksje. Fan it ynstoarten fan it ferwulft binne opnames makke.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden Fransiskus-syklus fan Giotto yn 'e boppetsjerke
bewurkje seksje-
Wûnder fan it krúsbyld.
-
Fêstlizzing fan de kleasterregels.
-
Fisioen fan de baarnende karre.
-
Eksorsisme fan de demoanen yn Arezzo.
-
Sint-Fransiskus foar de sultan.
-
Sint-Klara roud oer Sint-Fransiskus.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basilica di San Francesco (Assisi) fan Wikimedia Commons. |