Santa Maria sopra Minerva
De Santa Maria sopra Minerva, ek de Timpel fan Minerva, is in tsjerke oan de Piazza del Comune yn de Italjaanske stêd Assisi. Lykas de basilyk mei deselde namme yn Rome giet it om in eardere Romeinske timpel út de foar-kristlike tiid dy't wijd wie oan de goadinne Minerva. Fan de oarspronklike timpel binne de gevel en de pronaos bewarre bleaun.
Santa Maria sopra Minerva | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
regio | ![]() | |
provinsje | Perugia | |
plak | Assisi | |
adres | Piazza del Comune | |
bysûnderheden | ||
boujier | gevel:1e iuw foar Kristus tsjerke: 16e iuw |
Skiednis bewurkje seksje
De Romeinske timpel waard yn de earste iuw foar Kristus troch de quattuorviri Gneus Cesius en Titus Cesius Priscus betelle en boud. Oarspronklik wie de timpel wijd oan de god Herkules. De namme Minerva, de goadinne fan de wiisheid, datearret fan in lettere ynterpretaasje fanwegen de fynst fan in byld fan in frou. Letter die bliken út in plakette dat de timpel oan Herkules wijd wie. Yn de Romeinske tiid tsjinne it foarum foar de timpel as it sintrum fan Asisium, sa't de delsetting doe hiet. Njonken oare aktiviteiten waarden op dat plak nei alle gedachten ek de earste kristlike martlers eksekutearre.
Nei de ynfiering fan it Kristendom rekke de Minerva-timpel bûten gebrûk, mar der fûn gjin sloop plak. Tsjin it ein fan de 6e iuw restaurearren benediktynske muontsen de timpel. It ynterieur waard yn twa ferdjippings ferdield. It boppediel waard as wenromte ynrjochte waard en it ûnderste diel as tsjerke, dy't oan Sint-Donatus (San Donato) wijd waard.
De muontsen ferhierden de timpel yn de 13e iuw oan de stêd Assisi, dy't de romte brûkte as bestjoerssintrum en de benedenromte as finzenis. Fanôf 1456 waard de timpel wer as Sint-Donatustsjerke iepene.
Nei in besite oan de stêd yn 1539 joech paus Paulus III opdracht om it gebou te restaurearjen. Yn dy tiid krige de tsjerke de nije namme Santa Maria sopra Minerva (de Sint-Marije oer Minerva).
De tsjerke waard yn 1613 troch de biskop fan Assisi oan de Tredde Oarder fan de hillige Fransiskus oerdroegen, dy't it ynterieur yn barokke styl ferbouden en dêr regelmjittich missen opdroegen.
Arsjitektuer bewurkje seksje
Fan de Romeinske tiid bleau de gevel mei seis korintyske pylders, de argitraaf en de trijehoekige gevel bewarre. By de bou fan de tsjerke yn de 16e iuw waard de cella folslein ôfbrutsen. Opfallend is it kontrast tusken de klassike gevel en de lytse binnenromte, dy't troch de arsjitekt Giacomo Giorgetti út Assisi yn de 17e iuw yn barokke styl ferboud waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Santa Maria sopra Minerva (Assisi)
|