San Damiano
Lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
plak Assisi
koördinaten 43° 3' N 12° 37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer
Kaart
San Damiano (Itaalje)
San Damiano
Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 990
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)(vi)
ynskriuwing 2000
gebiet 14.563,25 ha
buffersône 4.086,7 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

San Damiano is de namme fan in tsjerke en in earder kleaster yn Assisi, Itaalje. It plak spile in grutte rol yn it libben fan 'e hillige Fransiskus en Sint-Klara en foarmet hjoeddedei mei de oare oantinkens fan 'e twa hilligen yn Assisi in wichtich beafeartsplak.

San Damiano foarmet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten'.

San Damiano leit likernôch 20 minuten te gean ûnder Assisi tusken fjild en olivebeammen.

 
De kleastergebouwen fan San Damiano.

Nei de dea fan Fransiskus fan Assisi waarden de measte tsjerken fan Assisi moaier makke. Yn it gefal fan Portiuncula, de kapel dêr't Fransiskus ferstoar, folge de bou fan 'e ûnbidige Santa Maria degli Angeli-basilyk. San Damiano is mei Eremo delle Carceri lykwols in útsûndering en bleau foar it measte oarspronklik. Op dy twa plakken kinne minsken dy't in beafeart meitsje nei Assisi noch it bêste in foarstelling meitsje hoe't Fransiskus libbe hat: ienfâldich, yn iensumens en mei de natoer ferbûn.

Fizioen fan Fransiskus

bewurkje seksje
 
Kleastergong.

Yn 'e tiid fan Fransiskus wie San Damiano in kapel, dy't net mear brûkt waard. Foar in diel wie de kapel al troch boeren, dy't de stiennen wol brûke koene, al ôfbrutsen. Neffens de oerlevering hearde Fransiskus yn 1205 it noch besteande krús yn 'e kapel sizzen: "Fransiskus, meitsje myn hûs wer yn oarder, dat lykastû sjochtste hielendal brekfallich woarn is". Tsjintwurdich hinget it orizjinele krús fan San Damiano yn 'e Sint-Klarabasilyk fan Assisi.

Yn 1212 stifte Sint-Klara yn San Damiano op it plak it earste kleaster fan 'e Klarissen. Ek har suster Agnes en harren mem, dy't widdofrou woarn wie, sletten har by dy mienskip oan. Klara ferstoar yn 1253 yn San Damiano en waard begroeven yn 'e Sint-Joaristsjerke. Oant 1260 bleaune de Klarissen yn San Damiano wenjen.

It Sinneliet

bewurkje seksje

Fransiskus mocht him ek graach werom lûke yn San Damiano om sa it drokke Assisi efkes te mijen. Yn 'e jierren 1224 en 1225 skreau Fransiskus yn San Damiano it ferneamde Cantico delle Creature (Liet fan 'e skepsels), ek bekend as it Sinneliet fan 'e hillige Fransiskus.

 
Ynterieur tsjerke.

Rjochts fan 'e iepen foarhal foar de tsjerke stiet de kapel fan 'e hillige Hieronymus, dêr't fresko's út 1520 fan Tiberio d’Assisi te sjen binne.

Yn 'e ienskippige tsjerke hinget in replika fan it oarspronklike krús fan San Damiano. De fresko's yn 'e tsjerke oer û.o. it libben fan Fransiskus binne yn it begjin fan 'e 14e iuw oanbrocht. Rjochts foar it alter jout in trep mei in fresko fan 'e krusiging fan Pier Antonio Mezzastris (1482) tagong nei de kleastergong, de binnenhôf en de oare kleastergebouwen. Yn 'e kleastergong binne fresko's fan Eusebio da San Giorgio (1507). Yn it refektoarium, dat noch it meast yn 'e orizjinele steat bewarre bleaun is, binne fresko's fan Dono Doni te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:San Damiano (Assisi)