Portiuncula
Lokaasje
lân flagge fan Itaalje Itaalje
plak Assisi
koördinaten 43° 3'N 12° 34'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
boustyl gotyk
Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 990
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)(vi)
ynskriuwing 2000
gebiet 14.563,25 ha
buffersône 4.086,7 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Portiuncula is in kapel yn 'e pauslike Marije fan 'e Ingelsbasilyk yn 'e frazione Santa Maria degli Angeli, likernôch 4 km fan Assisi yn Umbrje, Itaalje. It is it plak dêr't de Fransiskaanske beweging begûn. Nei de dea fan Fransiskus fan Assisi waard de kapel in belangryk beafeartsplak. Yn 'e 16e iuw waard in ûnbidich grutte basilyk om de kapel hinne boud.

De namme 'Portiuncola', dat in lyts stik lân betsjut, waard foar it earst yn in dokumint fan 1045 neamd. De kapel is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Assisi, de basilyk fan int-Fransisksus en oare Fransiskaanske gebieten.

Neffens de oerlevering waard de lytse kapel ûnder paus Libearius (352-366) troch hearremiten út de Josafatdelling yn Jeruzalim boud. Hja hiene reliken fan it grêf fan Marije meinaam. Neffens deselde oerlevering kaam de kapel yn 516 yn it besit fan Benediktus fan Nursia. De kapel stie doe bekend as 'Us-Leaffrou fan 'e Josafatdelling fan 'e Ingels'. It lêste sikje fan 'e titel ferwiist neffens guon nei de himelfeart fan Marije, dy't troch ingels begelaat waard. Oaren tinke dat de tafoeging ferwiist nei de leginde dat op it plak lju hjir faak ingels hearden songen.

De kapel stie op in lyts stikje grûn, dat fan 'e Oarder fan Sint-Benediktus fan Monte Subasio wie. Letter gie de namme fan dat hoekje lân op 'e tsjerke sels oer. De kapel waard lykwols net goed ûnderholden en lei der wat efterôf yn in ikebosk fertutearze by.

Nei in beafeart nei Rome sei Fransiskus dat er by in mistyk fisioen yn 'e kapel fan San Damiano, likernôch 2 km fan Assisi, de krusige Jezus hearde sprekken, dy't him trijeris hjitte om Myn hûs wer yn oarder te meitsjen, dat brekfallich en ta yn in púnbulte ferinnewearre is. Fransiskus ynterpretearre dy wurden doe letterlik en ferkocht syn hynder en klean fan 'e saak fan syn heit, om sa de kapel wer op te bouwen. Syn lilke heit Pietro wie it dêr net mei iens en it late ta in brek mei al it besit dat Fransiskus hie. Sels de klean dy't er fan syn heit krige hie, joech er werom en tenei libbe Fransiskus as bidler yn 'e omkriten. Hy restaurearre ferskillende brekfallige tsjerken en dêrûnder de Portiuncula, de lytse kapel fan Marije fan 'e ingels.

Fransiskus boude foar himsels in lytse hut by de kapel en al gau sletten oare lyksinnigen har by him oan. Om 1211 hinne joech de abt fan it Benediktuskleaster fan Monte Subasio de kapel oan Fransiskus. Op Palmsnein 1211 ûntfong Fransiskus yn 'e kapel Klara fan Assisi, dy't dêrnei de oarder fan 'e Klarissen stifte. By it lytse hillichdom waarden in pear hutten boud mei dêrom hinne in hage, it alderearste Fransiskaanske kleaster fan 'e wrâld.

Fransiskus ferstoar op 3 oktober 1226 yn syn sel tichteby de kapel. Nei de dea fan Fransiskus waard de spirituele wearde en de oantrekkingskrêft fan Portiuncula noch folle grutter.

De lytse, 5,5 by 3,2 m grutte tsjerke is troch keunstners út ferskillende perioades fersierd. Op 'e gevel boppe de tagong bûten is in fresko fan 'e Nazarener skilder Johann Friedrich Overbeck (1829). Sint-Fransiskus kriget fan Kristus en de Jongfaam de ôflaat, bekend as de 'Genede fan Assisi'. Oan 'e foet fan it fresko is in lyts rjochthoekich fresko, mei de wurden Haec est porta vitae aeternae ("Dit is de poarte nei it ivige libben").

 
Annunsiaasje
(Ilario da Viterbo).

Op 'e bûtenmuorre rjochts fan 'e yngong binne fragminten te sjen fan twa fresko's fan ûnbekende Umbryske keunstners. Yn 'e 19e iuw waard dêr in doar iepene om de stream pylgers better better oan te kinnen. Op 'e lofter bûtenmuorre is de grêfstien fan Pietro Cattani, dy't ferstoar op 10 maart 1221 (Sint-Fransiskus libbe doe noch). Efter boppe de yngong is in fresko fan Perugino, dat om 1485 hinne skildere is. De 15e-iuwske doar is mei florale motiven fersierd. Boppe de kapel is in lytse goatyske tuorke.

It ynterieur is ienfâldich. Guon fan 'e rûge fjouwerhoekige stiennen, ôfkomstich fan 'e berch Subasio, binne by de restauraasje fan it tsjerkje troch de hillige sels op it plak lein. It tsjerkje hat in goatysk ynterieur út de 14e en 15e iuw. It masterwurk is it seisdielige fresko yn 'e apsis fan it tsjerkje, skildere troch de preester Ilario da Viterbo (1393).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch: en:Portiuncula