Agnes fan Assisi (Assisi, Itaalje, 1197 of 1198 - San Damiano by Assisi, 16 novimber 1253) wie in non en de jongere suster fan 'e hillige Klara fan Assisi. Paus Benediktus XIV ferklearre Agnes yn 1753 hillich.

Agnes fan Assisi
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1193 of 1194
berteplak Assisi
stjerdatum 16 novimber 1253
stjerplak Assisi
hillichferklearring
hillich ferkl. 1753 troch Benediktus XIV.
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 16 novimber

Agnes stamme út de rike Italjaanske famylje fan 'e Offreducci yn Assisi. Yn april 1212 folge hja har suster Klara nei it kleaster San Damiano, dy't sechtjin dagen earder dêr in nonnemienskip stifte hie.

 
De oankomst fan Agnes yn it kleaster
António de Oliveira Bernardes, 1697

De famylje wie it net iens mei dy stap en besocht har dêr wei te krijen troch har omke Monaldo mei wapene ridders nei it kleaster te stjoeren. Hja soene Agnes twinge mei werom nei hûs te gean, mar dat mislearre. Neffens de oerlevering wegere it swurd, wêrmei't Monaldo Agnes drige, tsjinst te dwaan. Doe't de ridders besochten Agnes út it kleaster te lûken soe har lichem sa swier woarn wêze, dat al it krewearjen om 'e nocht bleau.

Likernôch om it jier 1220 (of 1221) naam hja op fersyk fan Fransiskus fan Assisi de lieding fan it kleaster fan Monticelli yn 'e omkriten fan Florâns. Ut Monticelli wei stifte Agnes ferskillende kleasters, lykas yn Mantua, Feneesje en Padua.

Yn 1253 kaam Agnes werom nei San Damiano om har suster Klara op it stjerbêd by te stean. Op 11 augustus dat jier ferstoar Klara. Net lang dêrnei ferstoar ek Agnes. Hja waard begroeven yn de Sint-Joaristsjerke fan Assisi.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Agnes of Assisi fan Wikimedia Commons.