Sint-Antoniustsjerke (Peazens)
De Sint-Antoniustsjerke fan Peazens is in letromaanske tsjerke. It is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente yn it twillingdoarp Peazens-Moddergat.
Antoniustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Peazens | |
koördinaten | 53° 24'N 6° 05'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Antonius fan Egypte | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31593 [1] | |
Webside | ||
ûnbekend | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard om 1250 hinne boud en wijd oan Antonius fan Egypte. By de bou fan de tsjerke waarden kleastermoppen brûkt, ek wol friezen neamd. Fan de oarspronklike romaanske tsjerke binne noch dielen bewarre bleaun. Yn 1792 waard de tsjerke yngreven feroare. De âlde sealtektoer waard ôfbrutsen en yn westlike rjochting langer makke, wêrby't it materiaal fan de ôfbrutsen toer op 'e nij brûkt waard. Ynstee fan de âlde foarse sealtektoer waard in dakruter setten. Op in âlde print fan Jacobus Stellingwerff (sjoch ôfbyld) stiet de âlde toer noch ôfbylde en sa'n ôfbyld is ek te finen op it sulveren lid fan in tinnen wynkanne, dy't yn it besit is fan de tsjerke. Dêrneist hat de tsjerke noch in sulveren beker mei de tekst De kerke beeker van Paesens 1692.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe preekstoel komt út de 19e iuw.
De klok yn it klokketuorke waard yn 1507 getten. Neffens it opskrift fan de klok is de klok wijd oan Marije en gette yn opdracht fan it kerspel Peazens troch de klokkejitter Joan (Jehannes): Maria bin ick gheheten dat kerspel to der pasens hebben my laten geten Ioan my ghegoten haet
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel is yn 1908 kocht en waard yn 1758 troch de oargelbouwer Johann Theodor Gilmann boud foar de Sint-Laurentiustsjerke fan Almaar. Nei't dêr troch L. Ypma in nij oargel boud waard ferhuze it Gilmann-ynstrumint nei de roomske Finsintiustsjerke fan Volendam, werby't de Nasard omboud waard ta Quint3’. B. Pels út Alkmaar ferhûze it oargel yn 1908 nei de herfoarme tsjerke fan Peazens en boude it dêr mei feroarings wer op. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2006-2007 ûnder advys fan Jan Jongepier.[2] [3]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|