Surhústerfean
Surhústerfean is ien fan de tolve doarpen fan de Fryske gemeente Achtkarspelen.
Surhústerfean | ||
Surhústerfean yn eastlike rjochting | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Achtkarspelen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.100 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,88 km², wêrfan: - lân: 7,87 km² - wetter: 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 864 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 6° 09' E | |
Offisjele webside | ||
Side Surhústerfean | ||
Kaart | ||
By it doarp hearre ek de buorskippen Blauhûs, in diel fan Koartwâld en It Wyldfjild. De Fjouwerhústerwei is ferneamd nei de buorskip Fjouwerhûzen.
Surhústerfean hat 6.100 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeSurhústerfean is oan ein 16e iuw ûntstien doe't de earste turfgravers en skippers harren dêr nei wenjen setten. It ha benammen de muontsen west dy't fan ynfloed west hawwe op it ûntstean. Hja hearden ta de pioniers fan de ferfeanting, dêrnei kamen al rillegau de ambachtslju en winkellju.
De namme fan it doarp betsjut letterlik 'Surhuzumerfean', de feangrûnen súdlik fan it tsjintwurdich lytsere, mar âldere Surhuzum. De abt fan it kleaster Jeruzalim yn Gerkeskleaster sluet doe in kontrakt mei Utertske ûndernimmers om de hege feanen ôf te graven. De wiken en de feart (Dimpte Feart) dy't troch de flekke rûnen binne tichtsmiten.
Súdeastlik fan it doarp begjint it âlde rivierke de Lauwers, al is dat dêr net mear as in foege sleat.
Tsjintwurdich hat Surhústerfean ekonomysk sjoen in regionale funksje, mei in foech winkelbestân, ferskate hoarekafoarsjennings en in tal yndustriële bedriuwen.
Menisten
bewurkje seksjeDe Meniste Gemeente fan Surhústerfean ûntstie om 1600 by de ferfeantings. Om 1620 hat der seker al in fermanje stien om't de earste bekende learaar Gabbe Paulus stoar yn 1643. De predikanten yn letter tiid (lykas D. Pekelharing) hawwe in bydrage levere oan de ferbettering fan Surhústerfean. De hjoeddeiske fermanje is fan 1804.
Fan 1720 oant 1729 hat der in groep Dútske menisten yn Surhústerfean of omkriten wenne. Se lieten har dope yn in poel by Koartwâld. Fan harren is fierders net folle bekend. Fan Surhústerfean gienen sy oer Rotterdam mei it skip ‘Allen’ nei de Feriene Steaten fan Amearika. Se fêstigen har yn Pennsylvania en foarmen dêr de Church of Brethren
Mienskip
bewurkje seksjeDe flekke hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomsten hat yn multyfunksjoneel sintrum It Fleckehûs. It doarp hat as basisskoallen It Skriuwboerd, De Bernebrêge en De Hoekstien. As eveneminten wurde alle jierren in kross hâlden, in hurdfytswedstryd (de Profomgong fan Surhústerfean) en in konkoers hippyk. Der is ek in VVV-kantoar yn Surhústerfean. Fan 1945 oant 2019 wie der yn Surhústerfean in selsstannige boekhannel fêstige, Boekhannel Douma.
Flekke
bewurkje seksjeDe Fryske Rie foar Heraldyk hat it doarp Surhústerfean op 4 septimber 1986 de erkenning 'Flekke' takend. Flek of flekke is yn Fryslân de ûnoffisjele oantsjutting fan in grut doarp, dat eins yn de ûntwikkeling fan doarp nei stêd stykjen bleaun is. Se hiene faak mear rjochten as de trochsneed doarpen, lykas rjocht fan waach en rjochtspraak. De flekken wurde ferdield yn de iere en lettere flekken. Drachten, De Gordyk, It Hearrenfean en Surhústerfean hearre ta dy lêste groep. Se binne yn de 17e en 18e iuw ta ûntwikkeling komd. De flekkewapens ûnderskiede har fan de gewoane doarpswapens, trochdat se wol in kroan fiere.
Tsjerken
bewurkje seksje- Doarpstsjerke (earder herfoarme, tsjintwurdich PKN-gemeente)
- De Flambou (earder grifformeard, tsjintwurdich PKN-gemeente)
- De Regenboog (Kristlike grifformearde frijmakke gemeente)
- De Vluchtheuvel, (Baptistegemeente)
- Keninkryksseal, (Jehova's tsjûgen)
Skoallen
bewurkje seksjeSurhústerfean hie yn de jierren 1980 noch fjouwer skoallen foar fuortset ûnderwiis. Foar dy tiid wie der sels ek noch in Lânbouskoalle oan de Dimpte Feart. Yn de jierren 1980 ferdwûn de húshâldskoalle oan De Dellen, dy't ferboud waard ta tsjerke. Nei't ek de iepenbiere MAFU oan de Jan Binnesleane ferdwûn, wiene der noch twa: de kristlike MAFU (Lauwers Kolleezje) en it Singelland Kolleezje, dy't yn 2016 fusearren ta de Skoalle Mienskip Singelland.
- Iepenbiere Skoalle Mienskip Singelland
- Kristlike basisskoalle 'De Bernebrêge'
- Kristlike basisskoalle 'De Hoekstien'
- Iepenbiere basisskoalle 'It Skriuwboerd'
Ferienings
bewurkje seksje
|
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1955 | 1960 | 1965 | 1970 | 1973 | 1990 | 2004 | 2008 | 2010 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 2.801 | 3.140 | 3.524 | 4.026 | 4.602 | 5.866 | 5.740 | 5.757 | 5.874 | 6.055 |
Bekende Feansters
bewurkje seksje- Joop Atsma, earder steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Milieu en hurdfytspommerant
- Adri de Boer (1956), trûbadoer
- Betty de Boer (1971), VVD-politika
- Klaas-Harm Dykstra (1979), muzikant
- Eerde Schippers (1956), arsjitekt
- Aaldert Jan Schuilenga (1943-2020), CDA-politikus
- Taeke Schuilenga (1878-1943), koekefabrikant
- Meindert Talma (1968), popmuzikant en skriuwer
- Dieuwke Weening-Meijer, (1921-1990), skriuwster
- Jan Hepkes Wouda (1862-1939) fellekeapman, ek wol de Feanster liger neamd. Ien fan de bekende eardere doarpsfigueren. Oare bekende doarpsfigueren binne Eare Hut en Jantsje Sint, beide yn it doarp suver allinne bekend ûnder harren bynammen.
Musea
bewurkje seksje- Museum Ot en Sien
Strjitten
bewurkje seksjeIepenbier ferfier
bewurkje seksjeBuslinen fan ferfierder Arriva:
- Line 12: Drachten - Nijtap - Rottefalle - De Houtigehage - Boelensloane - Surhústerfean - Surhuzum - Stynsgea - Bûtenpost
- Line 13: Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Tytsjerk - Ljouwert
Buslinen fan ferfierder Qbuzz:
- Line 39: Surhústerfean – De Grinzer Pein – Kornhorn - Doezum – Gruttegast - Sebaldebuorren – Oldekerk- Niekerk - Súdhorn - Grins
- Line 133: Surhústerfean – De Grinzer Pein – Kornhorn - Doezum – Gruttegast - Sebaldeburen – Boerakker - Hoogkerk - Grins
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |