Koartwâld (buorskip)

Koartwâld is in buorskip yn de gemeente Achtkarspelen. Koartwâld heart foar it grutste part ta de himrik fan Surhuzum. It westlik part leit yn de noardeasthoeke fan Surhústerfean, dêr't de Uterwei oer de Ald Feart giet.

De mûne fan Koartwâld

De namme komt ek foar as Cortwold (1543), Cor(d)wolde, Kortwoldumer tille en Kort Woolde (1718). Koartwâld is ien fan de acht oarspronklike karspels dêr't de gemeente nei ferneamd waard. De plaknamme soe ferwize nei in koart/lyts sompebosk.

De nôtmole yn Koartwâld is in achtkante stellingmole út 1864.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Achtkarspelen
 
Haadplak: Bûtenpost
Doarpen en útbuorrens: BoelensloaneDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen: BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part) • De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden