Buwekleaster (buorskip)
Buwekleaster, Bomkleaster of Bouwekleaster is in buorskip yn de gemeente Achtkarspelen. It wurdt ek wol Bouweklooster, Buveklooster of Buvoosklooster neamd. It leit beëasten Droegeham en benoarden De Harkema. Yn Buwekleaster stie earder in kleaster dat ek fan Buwekleaster hiet, en dêr't de buorskip nei ferneamd is. Oare nammen binne Buwenklooster, Bouwecloester en Buwa Cloester.
Ferskaat
bewurkje seksje- Yn Buwekleaster wenne ek de famylje Kloosterman, dêr't Simke Kloosterman út stamme.
- Op de trijesprong stiet in tinkteken foar fjouwer ynwenners fan Achtkarspelen dy't omkaam binne by de Polysjonele Aksjes fan 1946 oant 1950 yn Ynje.
- Op it tsjerkhôf stiet noch ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. It is in ryksmonumint.
-
De klokkestoel fan Buwekleaster
-
Monumint Bouwekleaster.
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |