Buwekleaster (kleaster)

Buwekleaster, Bomkleaster of Bouwekleaster wie yn 'e Midsiuwen in kleaster yn 'e Fryske gritenij Achtkarspelen, op it plak dêr't no de buorskip Buwekleaster leit, east fan Droegeham en noard fan De Harkema. Oare nammen binne Buwenklooster, Bouwecloester en Buwa Cloester.

De klokkestoel fan Buwekleaster.

It kleaster fan premonstreiter nonnen waard stifte yn 1242, troch Buwe Harkema, in rike edelman fan Stynsgea. Dy Buwe hie lang lyn op syn eigen lân, de biskop fan Münster knypte in eachje ticht, in kapel ta eare fan de Hillige Niklaas fan Myra stifte. Hy wie ek ryk genôch om in preester te ûnderhâlden. Doe't hy letter seach dat syn broer Gerke in muontsekleaster stiften hie, woe hy dat ek.

Mei fergunning fan de abt fan Mariëngaard, hat hy in stik of wat nonnen út it Premonstreiterkleaster Bethelem komme litten en yn syn kleaster ûnderbrocht. Op 24 septimber 1252 waard de kleastertsjerke, wijd oan de evangelist Jehannes, yn opdracht fan biskop Otto von der Lippe fan Münster, ynwijd troch biskop Wilhelm Taronensis. Offisjeel hjitte it kleaster "Sepulchro Sanctae Mariae" wat Latyn is voor "Grêf fan de Hillige Marije". Mar yn de folksmûle wie it gewoan it Buwekleaster.

It kleaster hat sa'n trije iuwen bestien. Njonken geastlike saken wie it kleaster ek warber mei ferfeanting. In grut part fan de feanen beëasten de Mûnstegroppe, tusken Buwekleaster en De Rottefalle wie eigendom fan it kleaster. Doe't yn 1580 de Herfoarming yn Fryslân trochsette en de roomsk-katolike godstsjinst ferbean waard, waard it kleaster fawege de Steaten fan Fryslân sletten. Alle besittings waarden ferkocht. Doe't it kleaster net mear bewenne waard, rekke it stadichoan yn ferfal. Yn 1800 binne de lêste oerbliuwsels fan it gebou sloopt. It tsjerkhôf bleau lykwols bestean.