Twizelerheide

Twizelerheide
Himrik fan Twizelerheide
gemeente Achtkarspelen
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2014) 1845
Huzen 724
Koördinaten 53° 14' NB, 6° 2' EL
Netnûmer 0511
Postkoade 9287
Webstee www.twijzelerheide.net

Twizelerheide is in doarp yn it noarden fan de gemeente Achtkarspelen, mei likernôch 1.898 ynwenners.

As heidedoarp hat Twizelerheide bûten de bebouwing by de haadwegen lâns eartiids in fersprate bebouwing hân. Troch de útwreidings nei de oarloch is stadichoan de foarming fan in doarpskom op gong kommen.

LizzingBewurkje

Twizelerheide foarmet in trijelingdoarp mei Sweagerbosk yn de gemeente Kollumerlân en De Westerein yn de gemeente Dantumadiel.

FerbiningsBewurkje

De Bjirkewei troch it doarp jout nei it westen ferbining mei De Westerein en mei Feanwâlden, en nei it easten mei Twizel.

PiratemuzykBewurkje

Twizelerheide is ien fan de bakermatten fan de piratestjoerders yn Nederlân. Bekendste stjoerder is Charity FM. Yn de twa wiker foar de krystdagen stjoere se út foar in goed doel.

MienskipBewurkje

Gearkomsten fan PLeatslik Belang binne yn doarpshûs De Jister. It doarpskrantsje hjit De Heidebingel. De Reinbôge en It Twaspan binne de beide doarpsskoallen en Us Boartershûske it pjutteboartersplak. Ek is der in grifformearde en in herfoarme tsjerke. Eartiids mochten bern dy't yn Twizelerheide nei skoalle gienen in stik koeke fan de Koekebeam plukke.

TsjerkenBewurkje

FerieningsBewurkje

  • Gevleugelde Vrienden Twijzelerheide - dowenferiening
  • Sin en Wille - folksdûnsjen
  • It Wite hûs - kaartspyljen
  • Fuotbalferiening VVT
  • DCT - damjen
  • De Trochsetters - follybal
  • SVT - gymnastyk
  • Tinke en Sette - skaken
  • De Heide - tafeltennis
  • De Heidedobbers - fiskjen

BefolkingBewurkje

  • Ien fan de bekendste (âld)ynwenners fan it doarp is de koartlyn ferstoarne Nederlânsktalige sjonger Rommy Henstra. Ek nammen as sjongster Hepie (fan it duo Hepie en Hepie) en musikus Jaap Meems binne bekende nammen yn de muzikantesirkwy.

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Twizelerheide.

Keppeling om utensBewurkje

 
Plakken yn de gemeente Achtkarspelen
 
Haadplak: Bûtenpost
Doarpen en útbuorrens: BoelensloaneDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen: BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part) • De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden