Herfoarme tsjerke (Twizelerheide)
Eben Haëzer is de tsjerke fan de herfoarme gemeente yn Twizelerheide. De tsjerke waard yn 1878 boud.
Herfoarme tsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Smitswei 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1878 | |
offisjele webside | ||
Side herfoarme gemeente Twizelerheide |
Gemeente bewurkje seksje
De herfoarme gemeente fan Twizelerheide is sûnt 1939 in selsstannige gemeente en fan rjochtsinnige sinjatuer. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân en wurket nau gear mei de grifformearde gemeente fan Twizelerheide. Beide gemeenten binne lykwols selsstannige gemeenten en net fusearre.
Bouskiednis bewurkje seksje
De Nederlânsk Herfoarme Tsjerke stelde yn 1877 Hein Klazes Zijlstra oan as evangelist yn Twizelerheide. Hy wist gâns folk te lûken en in jier letter lei er de earste stien foar in echte tsjerke. Foar dy tiid holden de evangelisten de tsjinsten yn in ienfâldich mei reid dekt tsjerkje yn Hiltsjemuoiswâlden.
Ut ûnfrede mei de frijsinnigens yn de Tsjerke stifte Zijlstra wat letter de Frije Grifformearde gemeente, dy't mei de doleânsje oansluting socht by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke. Hy krige lykwols lang net al it tsjerkefolk mei en de tsjerke bleau yn hannen fan de herfoarmen. Zijlstra soe yn 1911 ek de earste stien lizze foar de grifformearde tsjerke fan it doarp.
De sealtsjerke waard letter fergrutte mei in dwersskip oan de eastlike kant, dat de tsjerke hat tsjintwurdich in T-foarmich grûnplan. Yn 1968 fûn in modernisaasje fan it gebou plak en njonken de tsjerke feriisde yn de jierren 1970 "De Mienskip".[1]
Oargel bewurkje seksje
It oargel fan de tsjerke waard yn 1916 skonken troch dûmny J.D. Politiek fan Aldwâld.[2] It ynstrumint waard troch de firma Bakker & Timmenga út Ljouwert boud, dy't it yn 1993 ek restaurearre.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|