Grifformearde tsjerke (Twizelerheide)
De Grifformearde tsjerke oan de Bjirkewei 86 yn Twizelerheide is in tsjerkegebou fan de grifformearde gemeente.
Grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Bjirkewei 86 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1911 | |
offisjele webside | ||
Side grifformearde gemeente Twizelerheide |
Untstean gemeente bewurkje seksje
Yn 1877 waard Hein Klazes Zijlstra troch de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke oansteld as evangelist op it heidedoarp. Deselde evangelist lei yn 1878 de earste stien foar de earste stien fan in herfoarme tsjerke oan de Smitswei. Stadichoan krige Zijlstra lykwols mear wjerstân tsjin de frijsinnigens yn de Herfoarme Tsjerke en sa waard er yn 1884 de grûnlizzer fan de Frije Grifformearde gemeente. Zijlstra krige lang net al it tsjerkefolk mei en moast de tsjerke opjaan. Doe't de doleânsje him oantsjinne socht Zijlstra's gemeente oansluting by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke, dy't letter mei de tsjerke fan de ôfskieding fusearre ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.[1]
Bou tsjerke bewurkje seksje
De earste stienlizzing fan de grifformearde tsjerke yn Twizelerheide fûn yn 1911 plak troch dûmny Hein Klazes Zijlstra. Yn 2007 waard de tsjerke restaurearre.[2]
Oargel bewurkje seksje
It oargel waard yn 1923 troch Van Dam boud. Yn 1983 fûn der foar it earst in restauraasje plak troch Hendriksen & Reitsma út Nunspeet. It ynstrumint waard doe útwreide mei in frij pedaal. Ek waard der mei gebrûk fan âlde ûnderdielen in nije kast boud, dêr't romte yn reservearre waard foar in letter oan te bringen ûnderposityf. Mei de restauraasje fan 2002 ûnder advys fan de Grinzer organist Piet Wiersma waard der troch deselde oargelmakkerij in feroaring yn de disposysje oanbrocht en de útwreiding mei in ûnderposityf yn de Van Dam-styl útfierd.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|