Disposysje (oargel)

De disposysje fan in oargel is it gehiel fan registers en de ferdieling dêrfan oer de klaviatuer en de technyske details fan in piipoargel. Alle oargels hawwe in eigen disposysje, dy't it karakter fan it oargel bepaald.

In disposysje wurdt foar elts oargel troch de oargelbouwer yn oerlis mei de opdrachtjouwer en de oargelspesjalist fêststeld. De basiskenmerken binne ôfhinklik fan 'e moade en de streaming yn 'e muzykskiednis dy't it ynstrumint fertsjintwurdiget. Praktyske omstannichheden lykas it doel, de akûstyk yn 'e beskikbere romte en de finansjele mooglikheden binne belangryke aspekten.

In soad âlde oargels binne yn 'e rin fan harren bestean faak oan 'e wikseljende moade of oan 'e winsken fan 'e fêste oargelist oanpast. De barokke tiid stelde bygelyks oare easken oan de disposysje as de romantyk.

Besteande oargels binne faak monuminten, sadat de mooglikheden om it ynstrumint te feroarjen beheind binne. By hjoeddeiske restauraasjes wurdt der faak besocht om de oarspronklike disposysje werom te bringen of wurdt der socht nei in goede kombinaasje tusken de oarspronklike disposysje en de lettere feroarings.

Om't alle oargels yn 'e regel spesifyk foar in lokaasje ûntwurpen en boud binne, binne der hast gjin oargels mei in absolút identike disposysje. In útsûndering foarmje de lytse oargels lykas in hûsoargel, posityf of draachoargel, dy't fan it plak feroarje kinne en net foar in spesifike romte boud binne. Lytse oargels wurde fakentiden yn lytse searjes boud, mei altiten deselde disposysje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Disposition (Orgel)