Gerriet Postma
Gerriet Postma (Twizelerheide, 30 oktober 1932 - Grins, 27 febrewaris 2009) wie in Fryske skilder. Hy is te omskriuwen as in fûlbannich man, dy't ferheftige skilderijen makke, mei farveëksploazjes en abstrakte kleurekleaune, wêr't figuraasje yn trochskimert.
Ien fan syn lêste megadoeken wie in fjouwerlûk, skildere op fjouwer seilen fan it tradisjonele frachtskip "Klipper Anna". It fjouwerlûk mjit 270 m². It skip waard ta beskikking steld troch it skipperspear Gijs en Inge van Hesteren út Harns. It fjouwerlûk hat yn 2004 in simmer lang rûnom en lâns de Waadsee te sjen west, omdat it skip alle dagen mei de beskildere seilen fard hat.
Gerriet Postma wie wyls de ferneamdste noch libbene Fryske keunstskilder. Syn wurk wie bûten Nederlân te sjen yn stêden as Parys, Brussel en Barselona.
Gerriet Postma stoar yn de âldens fan 76 jier.[1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|