Willem (Wim) van Mourik (Twizelerheide, 13 jannewaris 1919Feanwâlden, 13 oktober 1980) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de ARP.

Wim van Mourik
politikus
Boargemaster Van Mourik by de iepening fan swimbad De Sawn Stjerren yn Hallum, 1968
Boargemaster Van Mourik by de iepening fan swimbad De Sawn Stjerren yn Hallum, 1968
echte namme Willem van Mourik
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 jannewaris 1919
berteplak Twizelerheide
stjerdatum 13 oktober 1980
stjerplak Feanwâlden
etnisiteit Frysk
partij ARP
boargemaster fan Ferwerderadiel
amtsperioade 1960-1976
foargonger Jan van Heemstra
opfolger Tijme Bouwers

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy waard berne as soan fan dûmny Cornelis van Mourik (1875-1938) en Dirkje Bakker (1884-1963). Yn de maitiid fan 1923 ferfear de húshâlding nei Thesinge yn Grinslân dêr't heit as predikant fan de Grifformearde Tsjerke beroppen wie. Wim van Mourik groeide op yn dat doarp en gie de hbs troch yn Grins.
Yn septimber 1936 waard er folontêr by de gemeentesekretary fan Achtkarspelen dêr't syn omke Pier Eringa doe boargemaster wie. Letter folge yn dy gemeente syn oanstelling ta amtner op de sekretary. Ein 1942 waard er yn Ljouwert beneamd as tredde klerk ter sekretary.
Om oan de Arbeitseinsatz te ûntkommen dûkte er yn 1944 ûnder by syn mem yn Bûtenpost. Dêr rekke er belutsen by it ferset. Hy hie in regionale liedingjaande funksje by de Binnenlânske Striidkrêften. It slagge Van Mourik mei syn groep NBS-ers om in oantal brêgen op de Dútsers te feroverjen. De wichtichste wie dy fan Blauferlaat op 15 april 1945 dêr't ek skippen mei rôve goed op de Dútsers bût makke waarden. Sadwaande bleaune de brêgen behâlden foar de opmars fan it Kanadeeske leger. Ek waard by dy gelegenheid de kollaborateur Pier Nobach finzen naam.

In skoftke nei de befrijding gie er as adjunkt-kommys oan 'e gong by de gemeente Snits dêr't er it ta haadkommys A bringe soe. Dêre waard it befolkings​register, dat op 16 july 1943 troch de KP oerfallen wie​, op 'e nij op poaten set. Teffens troude er dêr mei de ferpleechster Klaaske Warnaar (1909-1999)[1]dochter fan de boargemaster fan Waddinxveen.

Yn maaie 1960 waard Van Mourik beneamd ta boargemaster fan Ferwerderadiel as opfolger fan J.M.H. baron van Heemstra dy't it jier dêrfoar ferûngelokke wie. Om reden fan sûnens gie Van Mourik dêr yn april 1976 mei betider pensjoen.

Yn 1980 stoar Van Mourik yn de âlderdom fan 61 jier yn it Talmahûs te Feanwâlden. Hy waard te hôf brocht yn Ferwert.

Yn Van Mourik syn neilittenskip waard in saneamd J-stimpel fûn, dat amtners brûkten foar de oantsjutting Joad yn it persoansbewiis fan joadske ynwenners. Oft de stimpel fan de gemeentesekretary fan Ljouwert of Snits kaam is net wis. De stimpel waard oan it fersetsmuseum yn Ljouwert skonken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: