Jan Mathieu Henry baron van Heemstra

(Trochferwiisd fan Jan Mathieu Henry van Heemstra)

Jan Matthieu Henri baron van Heemstra (Batavia, 10 maart 1916Purmerend, 17 oktober 1959) wie in Nederlânske politikus út namme de ARP.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy waard berne yn Nederlânsk-Ynje as soan fan Schelto van Heemstra (1879-1960) en Mathilde Jacoba van Oosterzee (1888-1963); hy waard ferneamd nei syn pake fan memmekant, Jan Matthieu Henri van Oosterzee (1850-1917), direkteur fan de Handelsmij vh De Lange yn Batavia. Syn heit wurke dêr by de Koninklijke Paketvaart Maatschappij (KPM) en waard yn 1925 beneamd ta kommissaris fan de keningin fan Gelderlân. De húshâlding wenne doe yn Arnhim.
Van Heemstra studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Utrecht. Yn 1943 wie er klear mei syn stúdzje en gie er oan't wurk by it parket fan it Iepenbier Ministearje (OM) yn Arnhim. Dêrnei wurke er by it OM yn Ljouwert.
Van Heemstra gie yn 1948 werom nei Nederlânsk-Ynje. Hy wie dêr twa jier auditeur-militêr by de kriichsried en ferfear dêrnei wer nei Nederlân. Yn 1953 folge syn beneaming ta sjef fan it kabinet fan de boargemaster fan Utert, jhr. mr. dr. Coen de Ranitz.

Fan 1 septimber 1959 ôf wie er boargemaster fan Ferwerderadiel as opfolger fan G.W.H. Esselink. Oardel moanne letter stoar er yn de âldens fan 43 jier by in ferkearsûngemak.