Polisjonele Aksjes
De Polisjonele Aksjes binne de militêre operaasjes dy't troch Nederlân útfierd waarden op de eilannen Java en Sumatra tsjin de yn augustus 1945 útroppen republyk Yndoneezje yn it tiidrek 21 july oant 5 augustus 1947 (earste aksje) en 19 desimber 1948 oant 5 jannewaris 1949 (twadde aksje). Dizze aksjes barden yn de Yndonesyske ûnôfhinklikensoarloch (1945-1949).
Eftergrûn
bewurkje seksjeDoe't yn maaie 1945 de Twadde Wrâldkriich foar Nederlân einige, soe dat yn Aazje noch trochduorje oant augustus dat jier. Neidat de Feriene Steaten atoombommen op Hiroshima en Nagasaky smiten hienen, joech Japan him oer en dêrmei einige ek de Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje. Inkele dagen foar de Japanske kapitulaasje, roppen nasjonalisten ûnder fan Soekarno en Mohammad Hatta op 17 augustus 1945 de Yndonesyske ûnôfhinklikens út.
Neidat de ûnôfhinklikens fan it lân útroppen waard wie it, formele Nederlânsk-Ynje, in gaos. De alliearden hienen Yndoneezje amperoan berikt doe't Japan har oerjoech, sadat gjin inkele macht it bewâld feitlik oernimme koe. Alle eardere Nederlânske bestjoerders wienen flechte of sieten folslein ferswakke yn de Jappekampen. De Yndonesyske nasjonalisten wienen noch net goed organisearre en it saneamde tiidrek 'bersiap' kaam. Plondering en moard wie oan de oarde fan de dei en dêrom fregen de alliearden Japan om har soldaten wat langer yn Yndoneesje te hâlden sadat hja teminsten de Nederlanners yn de kampen yn beskerming nimme koenen. It wie gjin wûnder dat it Nederlânsk regear sa gau mooglik in leger hawwe woe om nei Nederlânsk-Ynje stjoere te kinnen. Lykwols soe troch tsjinwurking fan de Ingelsken it noch oant maart 1946 doarje ear't de earste troepen út Nederlân fuot oan wâl setten koenen yn Batavia, it tsjintwurdige Jakarta.
De polisjonele aksjes
bewurkje seksjeOp 21 july 1947 sette Nederlân útein mei de saneamde 'polisjonele askje'. It gie om in militêr optreden dêr't tûzenen tsjinstplichtigen by ynset waarden, mar de Nederlânske regearing wie fan betinken dat it hjir om in 'binnenlânske oangelegenheid gie. Doel fan de militêre aktiviteiten wie om op Java safolle mooglike gebiet ûnder Nederlânske kontrôle te krijen sadat de Yndyske befolking wer oarde en rêst krigen. De Nederlânske soldaten kamen om de minsken te helpen mei de opbou fan harren troch de Twadde Wrâldkriich ferwoaste lân.
Oars as de Nederlânske regearing oan har boargers besocht foar te ljochtsjen waard yn Yndoneezje in gueriljaoarloch útfochten dêr't it net sêftsinnich by oan ta gie. Utsein de polisjonele aksjes (koarte offinsiven fan it Nederlânske leger) hie de Yndonesyske ûnôfhinklikensoarloch meastentiids it karakter fan in guerilja.
De Nederlânske besiking om de Republyk ynfeite te ferneatigen, misleare troch yngripen fan de VN, ynternasjonale boykotaksjes fan Nederlânske skippen en fleantugen en in stiiffêste guerilja. Pas yn augustus 1949 waarden de fijannigens beëinige troch in staakt-it-fjoeren. Lang om let erkende Nederlân ûnder swier drok fan de FS de ûnôfhinklikens fan Yndoneezje.
By alle twa polisjonele aksjes wienen hieltyd 100.000 man Nederlânske troepen belutsen (mei ynbegryp fan it KNYL; Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger). Dizze omfang makket dúdlik dat fan in beheinde ‘polisjeaksje’, lykas de Nederlânske regearing miende, gjin sprake wie. Yn totaal skeaten sawat 5.000 Nederânske militêren it libben derby yn. Oan Yndonesyske side foel in mearfâld dêrfan: nei skatting 150.000 slachtoffers.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Er waren er die NIET gingen; vijftien eeuwen straf voor Indonesië-weigeraars, 1996
- De Nederlandse publieke discussie en de politionele akties in Indonesië, 1994, E.J. Dommering
- Celebes Andere Tijden, VPRO
- Het Nederlandse militaire optreden in Nederlands-Indië/Indonesië 1945-1950 - In bibliografysk oersjoch