Mohammad Hatta
Dr. Mohammad Hatta (berne as Muhammad Athar, ek Bung Hatta neamd, Bukittinggi 12 augustus 1902 - Jakarta 14 maart 1980) wie in Minangkabauwer en hat de earste fise-presidint west fan Republyk Yndoneezje. Hy hat ek in skoft premier west.
Mohammad Hatta | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Yndonezysk | |
bertedatum | 12 augustus 1902 | |
berteplak | Bukittinggi | |
stjerdatum | 14 maart 1980 | |
stjerplak | Jakarta | |
Vice-presidint fan Yndoneezje | ||
amtsperioade | 1945-1956 | |
opfolger | Hamengkubuwono IX | |
Premier fan Yndoneezje | ||
amtsperioade | 1948-1950 | |
foargonger | Amir Sjarifoeddin | |
opfolger | Soesanto Tirtoprodjo | |
Minister fan Definsje | ||
amtsperioade | 1948-1949 | |
foargonger | Amir Sjarifoeddin | |
opfolger | Hamengkoeboewono IX | |
Minister fan Bûtenlânske Saken | ||
amtsperioade | 1949-1950 | |
foargonger | Agus Salim | |
opfolger | Mohamad Roem |
Skiednis
bewurkje seksjeMohammed Hatta gie nei de middelbere skoalle yn Batavia (it hjoeddeiske Jakarta) en studearre 1921 ôf yn Rotterdam oan de Hannelshegeskoalle (dat no de Erasmus Universiteit hiet). Hy soe 11 jaar yn Nederlân ferbliuwe. Hy sleat him oan by de "Indische Vereeniging", dêr't de namme fan yn 1922 feroare waard nei "Indonesische Vereeniging" - de earste kear dat de namme Yndoneezje brûke wurde soe as symboal foar in nije naasje. Uteinlik soe de namme feroare wurde yn de lânseigene taal it Yndonezysk Perhimpunan Indonesia. Hatta wie ponghâlder (1922—1925) en letter foarsitter.
Yn 1927 sleat hy him oan by de Liga Menentang Imperialisime dan Kolonialisme ("Liga tsjin Imperialisme en Kolonialisme") yn Nederlân. Hjir rekke hy befreone mei de Yndiaaske nasjonalist Jawaharlal Nehru. Troch syn aktiviteiten binnen de beweging waard hy al gau in fertocht persoan by de Nederlânske oerheid en oppakt.
Hatta soe yn 1932 werom gean nei Yndoneezje en sleat him oan by de Club Pendidikan Nasional Indonesia ("Yndonezyske Klup foar Nasjonale Opfieding") dy't harren ta doel stelle it politike bewustwêzen fan it folk te ferheegje middels treningen. Yn febrewaris 1934 waard Hatta troch de Nederlânske oerheid finzen setten, tegearre mei Soetan Sjahrir, dy't foarsitter wie fan de neamde klup. Hatta soe seis jierren troch bringe yn kampen.
Op 17 augustus 1945 waard de ûnôfhinklikheid fan Yndoneezje útroppen. Hatta en Soekarno ûndertekene de proklaasje dêr't de Republyk Indonesia útroppen waard. Hatta soe de fisepresidint wurde fan de republyk dêr't Soekarno de earste presidint fan waard.
Op 20 desimber 1949 neamde Soekarno Hatta as premier fan de Feriene Steaten fan Yndoneezje. Fuort nei de beëdiging reizge Hatta nei Amsterdam, dêr't hy de nije republyk fertsjintwurdige by de soevereiniteitsoerdracht yn it Paleis op de Dam. De Feriene Steaten fan Yndoneezje hawwe net lang bestean. Al yn augustus 1950 makke Soekarno in ein oan de repyblyk. .
Yn 1955 waarden de earste frije ferkiezings fan Yndoneezje hâlden. Hatta waard op 'e nij premier, mar soe it jier dêrop folgjend ôftrêde. Hy soe him tebek lutsen út it iepenbiere libben.
Mohammed Hatta ferstoar yn 1980 en waard te hôf brocht yn Tanah Kusir, Jakarta.
Hatta syn namme is, tegearre mei dy fan Soekarno, jûn oan de lofthaven fan: Soekarno-Hatta International Airport (Bandara Soekarno-Hatta).