Gruttegast (plak)
Gruttegast[1][2] (Grinslânsk: Grodegast, Nederlânsk en offisjeel: Grootegast) is in doarp yn de gemeente Westerkwartier yn de provinsje Grinslân yn Nederlân. It plak wie oant 2018 it haadplak fan de gemeente Grootegast. It doarp hie 3.405 ynwenners yn jannewaris 2013.
Gruttegast Grootegast | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.405 (2013) | |
Polityk | ||
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() |
SkiednisBewurkje
It doarp (as 'Majorgast') ûnstie om 1000 hinne en komt fan 1400 ôf nei foaren as tsjinhinger fan Lutjegast. It doarp hat in 17e-iuwske tsjerke, it saneamde Witte Kerkje. De tsjerke waard yn 1829 restaurearre.[3]
TaalBewurkje
It dialekt dat yn Gruttegast praat wurdt, it Westerkertiersk, is taalkundich in grinsgefal mei ynfloeden út trije provinsjes: it dialekt is in fariant fan it Grinslânsk, mar wat fersteanberens oanbelanget liket it mear op it Drintsk; it aksint en de grammatika klinke lykwols nochal Frysk.
LiteratuerBewurkje
- Geert Feringa & Frans E. Banga (2002), Grootegast: door de jaren heen. Grins: Banga Book Productions. ISBN 9076840105
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|