Nijtsjerk (Westerkertier)
[[File:|thumb|]]
Nijtsjerk Niekerk | ||
Tsjerke fan Nijtsjerk (2011) | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.370 (2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N980 | |
Postkoade | 9822 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://nuisniebert.nl | ||
Kaart | ||
Nijtsjerk (Nederlânsk en offisjeel: Niekerk; Grinslânsk: Nijkerk) is een doarp yn de Grinslânske gemeente Westerkertier. Op 1 jannewaris 2009 wennen der 1528 minsken.[2]
Beskriuwing
bewurkje seksjeNijtsjerk, dat sa'n fjouwer kilometer eastlik fan Gruttegast oan de wei nei Súdhorn leit, hat altyd in agraryske mienskip west. Ut de tiid fan foar de reformaasje is net folle oer it doarp bekend. De romaanske tsjerke datearret nei alle gedachten út de trettjinde iuw. De earste ferzje, dy't mar seis meter breed wie, waard boud út tufstien dy't út Dútslân weikaam. Op de hôf fan Nijtsjerk waarden earder troch de boeren de sylrjochters beëdige, altyd foar in jier. Bij min waar barde dat yn de no sloopte herberch tsjinoer de tsjerke.
Yn 1476 liet de Nijtsjerkster Menno Jeltema jild nei oan it Pepergasthuis yn de stêd Grins, op betingst dat it alle jierren op de woansdei foar Peaske in tûne hjerrings oan de earmen fan it doarp skinke soe. Oant hjoed de dei wurdt dit neikommen.
Yn 1594, nei de reformaasje, krige Nijtsjerk foar it earst in dûmny, in Mattheus Theodorici, dy't ek de oanboarjende doarpen Oldekerk en De Faan betsjinje moast. Hy waard ynskreaun yn it predikanteregister fan it tsjerkeboek, dat begjint mei de wurden: "Namen der predikanten, welke na de verlossinghe van dese landen uyt de duisternisse des Pausdoms de suivere Gereformeerde Christelijke leer in dese Gemeente gepredikt hebben".
Nijtsjerk hie om 1730 hinne al in doarpskom (Grinslânsk: loug), dêr't lânarbeiders, rintenierkjende boeren en ek nearingdwaanden wennen, wêrûnder de kastlein, timmerlju, in kûper, in smid en in skuonmakker. De earste huzen fan it doarp waarden boud westlik fan it sânpaad dat noard-súd troch it doarp rûn. Se steane op pastorijelân en de hjoeddeiske bewenners betelje noch altyd in lyts bedrag oan hier.
De lânjonker Rudolf de Mepsche (1695-1754) wenne yn Nijtsjerk. Hy waard raar ferneamd as de De Mepsche van Faan, om't er yn 1731 in proses tsjin sabeare homoseksuelen begûn dat 22 manlju út dizze kriten ta de brânsteapel brocht. Ek dûmny Henricus Carolinus van Bijler, dy't earder dat jier in boek tsjin sodomy publisearre dat grutte ynfloed op De Mepsche hie, wenne yn it doarp.
Gallery
bewurkje seksje-
Keunstwurk De Haringeters foar de tsjerke (2011), (keunstner Harm Blanken, 1983)
-
De ta wente ferboude mûneromp fan pel- en nôtmûne De Noordstar (2011)
-
Haven mei it eardere gemaal oan 'e Havenstraat (2009)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|