De Kampen (Grinslân)
De Kampen is in buorskip yn de gemeente Westerkertier, in de provinsje Grinslân. It buorslip leit yn in polder ten noarden fan it doarp Oldehove en bestiet út trije pleatsen.
Oarspronklik lei De Kampen, of sa't it eartiids stavere waard De Campen, ten noarden fan it Reitdjip en hearde by Zuurdijk. De bocht dêr't de buorskiop yn lei waard lykwols yn 1623 ôfsnien, wêrtroch't it ten suden fan it wetter kaam te lizzen.
Oant 1803 wie De Kampen in selsstannige rjochtstoel, besteande út twa bewenne wierden. De rjochtstoel lei oarspronklik yn Hunsingoa. Nei de Frânske tiid waard it ûnderdiel fan de eardere gemeente Oldehove, dy't yn 1990 opgie yn Súdhorn.