De Jammer is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It plakje leit oan de dearinnende dyk dy’t útkomt op de dyk fan Boerakker nei Enumatil. De buorskip bestiet út in oantal húskes dy’t oan it dykje lizze.

De namme De Jammer is ôflaat fan rampspoed. It leit sa goed as isolearre, oan de noardside troch de Matsleat, oan de westside leit in sompich gebiet, en oan de eastside rint de Feithwyk.