Enumatil
Enumatil (Grinslânsk: Aimtil of IJmentil) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân, by de brêge (tille) oer it Hoendiep. Enumatil hat 325 ynwenners. It doarp leit besuden Briltil.
Enumatil | ||
Enumatil fanôf de brêge sjoen (2011) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 325 (2023) [1] | |
Oerflak | 3,37 km² wêrfan lân: 3,26 km² wêrfan wetter: 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 96 ynw. / km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N978 | |
Postkoade | 9350-9359, 9810-9819, 9827-9829 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.enumatil.eu | ||
Kaart | ||
De namme Enumatil komt fan de om 1445 sleine brêge (tille) fan Enuma (Enema, Eme). Yn 1582 leinen de Spanjerts om Enumatil in ferdigeningsskâns as beskerming fan de farrûte fan en nei de Spaansgesinde stêd Grins.
De grinzen fan de eardere gemeenten De Like, Súdhorn en Oldekerk rûnen foar de gemeentlike weryndieling dwers troch it doarp, sadat Enumatil yn trije ferskillende gemeenten lei. De grins is by de weryndieling yn 1985 feroare sadat it doarp benei hielendal yn de gemeente De Like kaam te lizzen. Sûnt 2019 is Enumatil yndield by de nij foarme gemeente Westerkertier.
Justjes besuden it doarp komme it Lettelberterdjip en de Matsleat út yn it Hoendjip. It doarp hat noch trije brêgen oer de Matsleat, de Earste en de Twadde brêge neamd. De tredde brêge, bekend as de Auwemadraai, leit krekt bûten it doarp yn de wei nei De Like. Dy brêge is yn 2009 hielendal fernijd. Mids Enumatil stiet de nôtmole Eben Haëzer en súdeastlik it doarp in Amerikaanske wynmotor.
Njonken de nôtmûne is de frijmakke tsjerke in byldbepalend gebou fan it doarp.
Gallery
bewurkje seksje-
Sicht op it Hoendiep yn de rjochting fan de tille
-
It hoekpân dêr't earder it skipperskafee Otter yn siet
-
Grifformeard-frijmakke tsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|