De Like (gemeente)
De Like, (Grinslânsk: (De) Laik, Westerkertiersk: De Lieke, Nederlânsk: Leek) wie in eardere gemeente yn it Westerkertier fan de Grinslân. De gemeente besloech in oerflak fan 64 km², wêrfan 0,63 km² wetter en telde yn 2011 19.329 ynwenners.
De Like
Leek | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
sifers en geografy | |
haadplak | De Like |
grutste plak | De Like |
ynwennertal | 19.296 (2008) |
befolkingstichtens | 304 / km² |
oerflak | 64,27 km² |
● wêrfan lân | 63,57 km² |
● wêrfan wetter | 0,70 km² |
ferkearsieren | A7 |
skiednis | |
oprjochte | 1808 |
oar | |
netnûmer | 050, 0594 |
postkoade | 9350-9359, 9810-9819, 9827-9829 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.leek.nl |
Sûnt 1 jannewaris 2019 makket de eardere gemeente De Like tegearre mei de eardere gemeenten Gruttegast, Mearum en Súdhorn diel út fan de gemeente Westerkertier.
De gemeente, dy't yn 1808 oprjochte waard, bestie neist it doarp De Like út de plakken: Djipswâl, Enumatil, Lettelbert, Midwâlde, Eastwâld, Tolbert en Sânhuzen. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1990 foel ek in diel fan Boerakker ûnder De Like, nei dy tiid foel dat (op inkele adressen nei) by de gemeente Mearum. Plannen om beide gemeenten doe gear te foegjen gienen úteinlik net troch.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leek, Groningen fan Wikimedia Commons. |