Lettelbert
Lettelbert (Grinslânsk: Lepterd) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân yn Nederlân. Lettelbert hat likernôch 200 ynwenners. It doarp ûntstie yn de Midsiuwen op in sânrêch yn it Westerkertier (dêr't ek Mearum, Midwolde en Tolbert op lizze) by it Lettelberterdjip. De lânbou en greidbuorkerij wienen de wichtichste boarne fan ynkommen.
Lettelbert | ||
Herfoarme tsjerkegebou Lettelbert (2010) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 145 (2023) [1] | |
Oerflak | 6,4 km² dêrfan lân: 6,14 km² dêrfan wetter: 0,26 km² | |
Befolkingsticht. | 23 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Lettelbert betsjut de lytse buorren, yn de omkriten fan Lettelbert lizze ek de olde buert en de nije buert, nammentlik Tolbert en Niebert.
De Herfoarme tsjerke fan Lettelbert is yn besit fan de Stichting Oude Groninger Kerken. De ienbeukige tsjerke is yn de 13e iuw boud en hat fiifsidich sletten prysterkoar en in dakruter.
Lettelbert hat in behindige jachthaven oan de Lykstermar en in natoerkemping ("de Hondenhoek").
-
Tsjerke fan Lettelbert
-
Kûlisselânskip yn de Lettelberter Petten
-
De Lettelberter Petten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|