De Snipperij

De Snipperij is in buorskip yn de gemeenteWesterkertier fan de provinsje Grinslân. Hy leit tusken Noardwyk en Kornhorn. Hy is net folle mear as in dearinnend paad dat heaks stiet op de trochgeande dyk fan Mearum nei Gruttegast.

De oarsprong fan de namme fan de buorskip is ûnwis. De namme soe ferwize nei de fûgel snip (strânrinner), mar der is ek in teory dy't ferwiist nei de famylje Snip dy't fanâlds út dizze kontreien komme soe.

De buorskip leit yn it lytsskalige kûlisselânskip dat kenmerkend is foar dit diel fan de provinsje.