't Malijk
't Malijk is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Hy leit efkes eastlik fan it doarp Mearum, wat besuden de wei tusken Mearum en Nuis.
De buorskip leit oan it Malijksepad, dat tusken Mearum en de Coendersboarch rint. Neffens de oerlevering soe oan it paad in grutte iik stien hawwe dêr’t de buorrjochters fan de streek harren eed ôfleinen.