Oldehove
Oldehove (Grinslânsk: Ol hoof) is in doarp yn it noarden fan de Grinslânske gemeente Westerkertier. Yn 2023 wennen der 1.620 minsken.[2]
Oldehove | ||
De Liudgertsjerke yn Oldehove (2008) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.620 (2023) [1] | |
Oerflak | 31,17 km² dêrfan lân: 30,72 km² dêrfan wetter: 0 km² | |
Befolkingsticht. | 200 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N982 | |
Postkoade | 9883 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webstee Oldehove | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer it doarp Oldehove. Foar de skeane toer yn Ljouwert, sjoch: Aldehou (toer).
Beskriuwing
bewurkje seksjeOldehove leit yn de streek dy't it Humsterlân neamd wurdt. De namme fan it doarp komt foar yn in pear tsjerkelisten út de fyftjinde iuw.
Oant 1990 wie Oldhove it haaddoarp fan in selsstannige gemeente mei deselde namme, mar yn dat jier gong dy op yn de gemeente Súdhorn.
Yn it doarp stiet de protestantske Liudgertsjerke, dy't yn de trettjinde iuw boud is. De toer fan de tsjerke datearret lykwols út de fyftjinde iuw. Yn Oldehove stean fierder twa nôtmûnes: de Aeolus út 1846 en De Leeuw, dy't yn 1855 boud waard. Noardeastlik fan de tsjerke lei de Englumboarch mei in, súdeastiker lizzende koaipleats derby.
Sa'n twa kilometer noardwestlik fan Oldehove stiet oan it Reitdjip it gemaal De Waterwolf, dat yn 1920 setten is en doe it earste elektrysk oandreaune gemaal fan Nederlân wie.
-
De tagong ta de Liudgertsjerke (2008)
-
De Aeolus (2008)
-
De Leeuw (2008)
-
Schoolstraat yn Oldehove (2010)
-
Eardere ULO oan 'e Schoolstraat (2010)
-
Earder gemeentehûs fan Oldehove (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|