Humsterland is in krite en lânskip yn de provinsje Grinslân. Oarspronklik wie it in Fryske goa dy't it noardlik part fan it aesterkertier omfieme. Mooglik hearde it oanswettende diel fan de tsjintwurdige provinsje Fryslân, de hjoeddeiske gemeente Achtkarspelen ta itselde goa. No wurdt der allinnich it noardlik part fan Westerkertier mei oantsjut, rûchwei de eardere gemeente Oldehove.

Lizzing Humsterlân yn Grinslân
De Kliefsleat of Oude Tocht tusken Humsterlân en Middag.

Skiednis bewurkje seksje

Humsterlân heart ta de âldste kultuerlânskippen fan West-Jeropa. It wurdt al neamd yn 786/787 doe't in Gotrikus lân skonk oan de abdij fan Echternach, lân oan de oerekant fan de Lauwers yn de goa Hugumarchi yn in doarp dat Chinicwirde (Kenwert) neamd waard. Oant de oanlis fan diken sa'n 1100 nei Kr. koe de see syn gong gean yn Noard Fryslân en Noard Grinslân. Middag en Humsterlân foarmen natuerlike eilannen yn dit kweldergebiet.

Om 800 hinne wie it ien fan de tichtstbefolke gebieten fan Nederlân. It is bekend dat bygelyks de wierde fan Niehove al sa'n 2200 jier oanienwei bewenne wurdt.

Nei't om 800 hinne de Lauwerssee ûntstien wie waard Humsterlân in waadeilân mei Suxwort as haadplak. Sa'n 400 jier letter naam it oantal stoarmfloeden ta, dat der waard in ringdyk om Humsterlân lein. Dêrtroch waard it eilânkarakter fan Humsterlân noch fersterke. It doetiidske Humsterlân bestie út trije karspelen: Niehove, Oldehove en Saaksum.

Earst fan 1500 ôf wurdt it Humsterlân troch diken mei it fêstelân ferbûn, wêrnei't Sistersjenzer muontsen út Aduard grutte stikken kwelder om it eilân hinne ynpolderen. It Humsterland holde sadwaande op eilân te wêzen.

Opmerklik is dat yn it Humsterlân gjin haadlingen opkaam binne, sa't wol it gefal wie yn de oare Ommelannen. Humsterlân wie ek ien fan de earste goaen dy't har ferbûn oan de stêd Grins, yn 1366. Wierskynlik wie de ynfloed fan de stêd al sa grut dat der net in pleatslik laach mear opkomme koe.

It omlizzende lân is oer in lange perioade op 'en nij op de see werom wûn troch de wierdebewenners, muontsen fan het kleaster Aduard, de famylje Teenstra (Rûgesân) en de wetterskippen.

Middag en Humsterlân hawwe as "Middag-Humsterland" de status Nasjonaal Lânskip en binne foardroegen foar de list fan List fan monuminten op de wrâlderfgoed fan de Unesco.

Literatuer bewurkje seksje

  • Middag-Humsterland - kroniek van een noordelijk landschap, gearstald troch Wim Boetse. Boekhandel Uitgeverij Godert Walter (2010).