Lauwerssee
De Lauwerssee wie in ynholte fan de Waadsee tusken Fryslân en Grinslân, oant dy yn 1969 ôfsletten waard.
De Lauwerssee is nei alle gedachten fan it begjin fan de jiertelling ôf ûntstien trochdat de see stadichoan ynkrong yn it leechfeangebiet dêr't it Dokkumer Grutdjip, de Súd Ie en de Lauwers trochhinne rûnen nei see ta, en dêr in part fan it fean weispielde. Fral doe't om it jier 300 hinne de seespegel heger waard moat de ynholte rap grutter wurde wêze. It grutst wie de see oan de ein fan de 10e iuw. De Lauwerssee hie doe see-earms dy't oan Dokkum, Kollum, Stynsgea en Grins ta kamen.
Yn de 11e iuw waard begûn mei it winnen fan lân yn de Lauwerssee. De earste dyk dy't dêrta oanlein waard wie nei alle gedachten dy fan Kollum nei Bûtenpost, en al gau folgen ferskate oare diken. Yn 1230 waard lykwols by in slimme floed in strook lân eastlik fan it hjoeddeiske Iezumasyl, mei de namme de Waarden ferlern, dêr't de hannelsstreek Esonstêd lein hawwe soe. Oan de súdkant gong de lânwinning lykwols troch, mei ûnder oaren yn de earste helte fan de 16e iuw it ynpolderjen fan it Nije Krúslân.
Yn 1729 waard de see-earm fan it Dokkumer Djip ôfsletten, en yn 1877 noch de see-earm fan it Reitdjip. Doe wienen der lykwols al plannen ta it ynpolderjen fan in part fan it bûtenwetter sels. It plan wie om fan de Hoeke fan de Bant in dyk westlik fan de Slenk nei it suden oan te lizzen, en dan súdlik fan de Slinke nei it easten nei Sâltkamp. It is der lykwols net fan kaam.
Nei de wettersneed yn Seelân yn 1953 kaam der in nij plan, as part fan it plan om de seegatten fan de Waadsee ôf te sluten. Diskear soe de dyk fan it Westerstek, tusken Peazens en it Banthúske, nei de Westpolder yn Grinslân gean. Wylst de oare diken fan it plannen yn stúdzje bleaunen oant de Deltawurken oanlein waarden, waard yn 1960 definityf besletten ta it ôfsluten fan de Lauwerssee. Dit soe dan erfaring jaan mei it ôfsluten fan seegatten en it ynpolderjen fan waadgebiet. Yn 1961 waard begûn mei it wurk, en 23 maaie 1969 waard de dyk sletten. De erfaring mei seegatten is noch in soad brûkt, mar de Waadsee is nea ynpoldere.
Binnen de diken is lykwols net al it gebiet lân wurden; de Slinke, de Sâltkamper Ril, it Dokkumer Djip, de Suder Ie en nog wat oare stikken wetter binne iepen hâlden en foarmje meiïnoar de Lauwersmar. Under oaren stikken fan de Kollumerwaard en de Marnewaard binne al drûchlein. It wurkeilân Lauwerseach is part fan de dyk wurden, en is no de thúshaven fan de fiskerslju út Sâltkamp en út Dokkumer Nije Silen, en foar it fear nei Skiermûntseach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|