Balktil is in buertsje yn de gemeente Westerkertier, yn de provinsje Grinslân. It leit oan de N980 tusken Mearum en Noardwyk, op it plak dêr’t it Dwersdjip oergiet yn it Alde Djip. De brêge dy’t hjir oer it wetter leit en ûnderdiel foarmet fan de N980 wurdt de Balktil neamd.

Gesicht oer de Balktil mei it eardere kafee en it Dwersdjip op de eftergrûn

It gebiet om Balktil is ynrjochte as natuergebiet foar wetterbisten.

Skiednis bewurkje seksje

De Balktil komt foar it earst foar yn in oarkunde út 1385 as de Mearumer Balk. Dy Mearumer Balk foarme in trochlit foar it wetter fan Mearum (Vredewold) fia Grootegast (Langewold) nei de seeslûzen. De Mearumer Balk stie ûnder kontrôle sadat as der alaarm slein waard yn Langewold, de tafier fan wetter hjir stoppe wurde koe. Yn de oarkunde fan 1385 stiet dat de Mearumerbalk maksimaal 4 holtvoeten (1 Fryske houtfoet = 0,296 meter) breed wêze mocht, ofwol 1,18 meter.

Yn 1912 waard út Alde Djip kanalisearre en ferlear de Balktil har funksje. Dêrnei waard it plak in skoft brûkt foar de opslach fan dongierde, pulp, sintels (útbaarnde stienkoalen) en turf, keunstdong, sân, grind en bargen dy’t ôf- en oanfierd waarden mei skippen oer dizze drokke skipfeartrûte. Dat los- en laadplak lei efter it kafee dat hjir oant 1916 stie en de noch besteande pleats by de brêge. Foar it lossen wie hjir in swaaigat doar de skippen. Letter kaam it losplak nei de oare kant fan it wetter te lizzen. Dat plak krige doe yn de folksmûle de namme "de opslach". Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden der benammen jirpels oer it djip ferfierd. Dat kaam troch de skuorplicht (ynfierd yn 1942), wêrby’t boeren troch de oerheid twongen waarden harren lân om te ploeien ta boulân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: