De Bombay
De Bombay (útspraak: Bombaai) is in streekje yn de Westerkertier fan de provinsje Grinslân. De âlde namme fan de streek is De Uithorn ("de úthoeke"; herne = hoeke). Dy namme ferdwûn lykwols yn de jierren 1960 fan de kaart. De Uithorn wie de beneaming foar in buorskip fuort besúdwesten de mûne Bombay.
De Bombay leit westlik fan de wei tusken Lytsegast en Gruttegast. It falt lykwols ûnder Doezum, dat der besuden leit. Dat is ek te sjen oan de ferkaveling, dy't yn de lingterjochting út Doezum wei rint. Bewesten leit de buorskip Peebos, benoarden De Eest en noch wat noardliker leit de buorskip Dorp. It streekje is ferneamd nei de polder Bombay yn de omkriten, dy't har namme wer ûntlient oan de eardere skûprêdmûne Bombay, dy't yn 1878 boud waard om de polder te bemealen. It achtkant fan de mûne kaam fan in mûne by Moordrecht yn de Súdplaspolder, dy't dêr mooglik set waard yn 1840. In 1931 waard de mûne ûnttakele, doe't in rauoaljemotor setten waard, dy't yn 1958 ferfongen waard troch in elektromotor. Yn 1989 waard de mûneromp op de monumintelist setten fanwege dat it it ienige skûprêdrestant wie yn Grinslân. Yn 1998 waard de mûneromp lykwols ferboud ta wenhûs. De mûne leit op de krusing fan de Doezumertocht (de âlde Sylroe) mei it eardere Knillesdjip, dy't beëasten de wei Lutjegast-Gruttegast trochrint by de Caspar de Roblesdyk lâns. De oarsprong fan de namme Bombay is ûnbekend.
Begjin 21e iuw wienen der plannen om in grutte wetterplasse mei jachthaven oan te lizzen (troch in diel fan de polder ûnder water te setten) en dêr 500 fakânsjewenten te setten. Dat is lykwols neat wurden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|