Súdhorn (gemeente)
Gemeente Súdhorn
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | Grinslân | ||||||
Boargemaster | B. Fennema | ||||||
Haadplak | Súdhorn | ||||||
Oerflak - wetter |
128,37 km² - 2,75 km² | ||||||
Ynwenners | 18.374 (2008) | ||||||
Ferkearsieren | N355 | ||||||
Netnûmer | 050, 0594 | ||||||
Postkoades | 9800-9809, 9830-9849, 9880-9889 | ||||||
Offisjeel webstee | www.zuidhorn.nl |
De gemeente Súdhorn (Zuidhorn) wie in gemeente yn it westen fan Grinslân. Sûnt 1 jannewaris 2019 makket de eardere gemeente Súdhorn tegearre mei de eardere gemeenten Gruttegast, De Like en Mearum diel út fan de gemeente Westerkertier. It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn.
Algemien Bewurkje
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1990 troch it gearfoegjen fan fjouwer gemeenten, nammentlik: Adewert, Gryptsjerk, Oldehove en Súdhorn.
De gemeente bestie út 15 doarpen: Adewert, Briltil, Den Ham, Den Horn, Fiskflyt, Gryptsjerk, Kommersyl, Lauwerssyl, Niehove, Niesyl, Noardhorn, Oldehove, Pietersyl, Saaksum en Súdhorn.
Plakken Bewurkje
Namme | Ynwenners[1] |
---|---|
Aduard | 2.360 |
Briltil | 442 |
Den Ham | 263 |
Den Horn | 425 |
Gryptsjerk | 2.809 |
Kommersyl | 592 |
Lauwerssyl | 224 |
Niehove | 294 |
Niezijl | 475 |
Noardhorn | 1.584 |
Oldehove | 1.648 |
Pietersyl | 224 |
Saaksum | 107 |
Fiskflyt | 367 |
Súdhorn | 6.559 |
Buorskippen Bewurkje
Aalsum, Balmahuzen, Barnwert, De Kampen, De Poffert, Djipswâl, Electra, Englum, Frânsum, Frytum, Gaaikemadyk, Gaaikemawear, Gearkeuken, Heerebuorren, 't Hoekje, Hegemieden, Ikum, Kenwert, Kievitsburen, Korhorn, Legemieden, Lammerbuorren, Nijklap, Noarderbuorren, Noardhornerga, Noardhornertolhikke, Okswert, Pama, Rûgewaard, Rûgesân, Selwert, Spanjertssdyk, Steentil en Wierumerskou (gedieltlik).
Iepenbier ferfier Bewurkje
De gemeente Súdhorn leit sûnt 1866 oan it spoar Grins-Ljouwert, en hat in stasjon. Buslinen yn de gemeente binne:
- line 11: Grins-Grins Zernike-Súdhorn
- line 30: Súdhorn-Noardhorn-Nijsyl-Gryptsjerk-Fiskflyt-Boerum-Muntsjesyl
- line 32: Súdhorn-Noardhorn-Niezijl-Kommersyl-Muntsjesyl-Kollum
- line 35: Grins-Aduard-Den Ham-Oldehove-Winsum
- line 39: Grins-Súdhorn-Gruttegast-Sebaldebuorren
- line 637: Grins-Súdhorn-Noardhorn-Nijsyl-Gryptsjerk-Kommersyl-Muntsjesyl (skoalbernline)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|