Bertus Fennema
E. (Bertus) Fennema (Liens (Grinslân), 18 oktober 1944) is in Nederlânsk politikus út namme fan it Christen-Democratisch Appèl (CDA).
Foar't er boargemaster waard, wie Fennema fan 1991 ôf deputearre fan de provinsje Grinslân. Fan 1 novimber 1999 waard er beneamd as boargemaster fan Skiermûntseach. Fjouwer jier letter, yn 2003, kearde er werom nei de fêstewâl en waard er boargemaster fan de gemeente Súdhorn, yn Grinslân. Dy funksje ferfolle er oant 2011, doe't er oansteld waard as waarnimmend boargemaster fan Haren. Yn 2012 gie er mei pinsjoen. Yn Súdhorn waard Fennema opfolge troch Bert Swart, dy't him ek al opfolge wie op Skiermûntseach.
Fennema is meiskriuwer fan it boek oer arsjitekt Willem Reitsema Tzn. en ek auteur fan it boek oer de fotograaf Jacob Molenhuis, Groninger Toparchitect A.Th. van Elmpt en De Marne in beweging, in boek oer de skiednis fan it ferfier yn de Marne.