Eben Haëzer (Enumatil)

Eben Haëzer is in nôtmûne yn it Grinslânske doarp Enumatil.

Eben Haëzer
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Enumatil
adres Molenpad 3
koördinaten 53°12'N 6°24'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 21 m
boujier 1907
oare ynformaasje
eigner Gem. Westerkertier
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41081 [1]
Kaart
Eben Haëzer (Grinslân)
Eben Haëzer

Nei in grutte brân yn 1906 waard njonken it âlde plak fan 'e 18e-iuwske foargonger de hjoeddeiske nôtmûne boud.[2] It achtkant is ôfkomstich fan 'e yn 1906 ôfbrutsen mûne "De Goede Verwachting" oan it Skieppedykje ûnder Eastrum.[3]

Op 1 novimber 1951 stoarte de stelling mei dêrop trije minsken nei ûnder. De minsken hiene gelok dat hja op 'e dongbult ûnder de mûne belânen en kamen sa mei de skrik frij.

Yn 1964 kocht de doedestiidske gemeente Súdhorn de mûne. Troch weryndielings waard de gemeente De Like letter eigner fan 'e mûne en sûnt 2019 is de gemeente Westerkertier eigner.

De restauraasje fan Eben-Haëzer yn 1985 makke de mûne nei in lang skoft fan stilstân wer mealree. Frijwillige mounders litte de mûne regelmjittich draaie.

De Ald-Hollânske wjukken hawwe in flecht fan 21 meter.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: