Rudolf de Mepsche
Rudolf de Mepsche (doopt 15 maart 1695 - Wedderborg, desimber 1754) (ek neamd: De Mepsche van Faan) wie in Grinslanner jonker. Hy wie hear fan 't Foan, letter ek drost fan Westerwâlde. Hy is benammen bekend wurden troch de oanklachten wegens sodomy tsjin in grutte groep manlju yn syn rjochtsgebiet.
De Mepsche kaam út in laach dat yn Grinslân en Drinte ta de famyljes fan oansjen hearden. Oarspronklik kaam de famylje fan Borger, mar se hie har yn de fyftjinde iuw yn Grinslân fêstige. Ien fan de foarfaren fan Rudolf, Johan de Mepsche, hie yn de begjinjierren fan de Tachtichjierrige Oarloch in betinklike namme krigen as ketterjager.
De Mepsche waard fan de ûndergong rêden troch Willem IV. Rudolf hie as ien fan de ienichsten yn Grinslân dúdlik de Oranjepartij keazen. Doe't Willem IV yn 1748 steedhâlder waard, waard De Mepsche leanne mei it drostamt fan Westerwâlde. De Mepsche stoar op de Wedderborg in 1754 en waard begroeven yn de Martinystjerke yn Grins.
De sodomyaffêre hat in djippe yndruk efterlitten op de befolking fan it Westerkertier. De ferhalen oer de wandieden wurde oant de dei fan hjoed ferteld.
Literatuer
bewurkje seksje- W. de Blécourt, R.A. Koman [et al.] (2010), 'Rudolf de Mepsche', yn: Verhalen van stad en streek: Sagen en legenden in Nederland. Bert Bakker 2010, siden 25-26.
- Poort, H.F. (1925), Rudolph de Mepsche, of de Faansche gruwelen (1731). Noordhorn: Poort.
- Veen, Koert ter (2002), Protestants fundamentalisme in het Groningse Faan. Soesterberg: Aspekt.
- Visser, Ab (1945), Rudolf de Mepsche, het monsterproces van Faan. Rotterdam: Nijgh & Van Ditmar. - Mei in lange beskriuwing fan it libben fan Rudolf de Mepsche, benammen de perioade om it proses (2e printinge 1959).
- Vleer, Wigholt Tjerk (1972), 'Sterf Sodomieten!' : Rudolf de Mepsche, de homofielenvervolging, het Faanse zedenproces en de massamoord te Zuidhorn. Norg: Veja.
- S.l. (1731), Namen der persoonen, die door ordres van ... grietman van Oosterdeel Langewoldt, op Maandag den 24. September, 1731. te Faan by Zuithorn, in Groningerland gelegen, over het plegen van de verfoeyelyke misdaad van zodomie geëxecuteert zyn. Yn besit fan Universiteitsbibleteek Utert.