Borger (Drinsk: Börger) is in doarp en in eardere gemeente yn de provinsje Drinte. Borger leit op de Hûnsrich yn de gemeente Borger-Odoorn. Oant de wjeryndieling fan 1 jannewaris 1998 wie Borger in selsstannige gemeente. Njonken it haaddoarp bestie dy gemeente út de doarpen: Bronneger, Buinen, Buinerveen, Drouwen, Drouwenerveen, Ees en Nieuw-Buinen en de buorskippen Bronnegerveen, Drouwenermond, Eesergroen, Eeserveen, Ellertshaar en Westdorp.

Borger
Grutste hunebed fan Nederlân
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Borger-Odoorn
Sifers
Ynwennertal 4.840 (2020)
Oerflak 2,89 km²
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Borger-Odoorn

De streek om Borger hinne wie al ier bewenne. Spoaren fan de trachterbekerkultuer ferwize nei delsettings fan mear as 5.000 jier ferlyn. Ek waard der in 75.000 jier âlde fûstbile fûn. It bisdom Utert registrearre Borger yn 1381 as kerspel tot Borgheren.

Oant yn de midsiuwen wie Borger net mear dan in hânfol pleatsen. De lokaasje oan it paad fan Grins nei Coevorden soarge foar wat mear leven, mar om 1800 hinne hie Borger dochs noch hieltiten mar 300 ynwenners. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der mear skot yn it ynwennertal en groeide it doarp mei it oanlizzen fan nije wiken.

Borger is bekend fanwegen it grutste hunebêd fan Nederlân, de D27. Fuortendaliks by Borger lizze noch de oare hunebêden D28 en D29. Tichteby it hunebêd D27 stiet it Hunebêdsintrum, dêr't in soad ynformaasje oer hunebêden jûn wurdt.

De oarspronklike midsiuwske tsjerke fan Borger wie wijd oan de apostel Willibrord. De tsjerke moast yn it begjin fan de 19e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen wurde. In saneamde wettersteatstsjerke ferfong de âlde tsjerke, mar de goatyske 14e-iuwske toer bleau stean. Tsjintwurdich wurdt de tsjerke brûkt as kultureel sintrum. De protestantske gemeente makket tsjintwurdich gebrûk fan de moderne Goede Hoedertsjerke, de eardere grifformearde tsjerke, dy't krekt lykas de eardere herfoarme tsjerke oan de Haadstrjitte stiet.

  Borger-Odoorn  
Doarpen:
BorgerBronnegerBuinenBuinerveenDrouwenDrouwenermondDrouwenerveen1e EksloëermondEksloEesEesergroenEeserveenEllertshaarEksloërfeanEksloKlijndijkNieuw-BuinenOdoornOdoornerveen2e Eksloërmond2e ValthermondValtheValthermondWestdorpZandberg
Buorskippen:
BoermastreekEksloëerkylKavelingenValtherblokkenValthermusselZeelandstreekje
  ·   ·