Bronneger

Bronneger is in esdoarp yn de gemeente Borger-Odoorn (oant 1998 Borger) benoardeasten Borger en benoardwesten Buinen. Besuden derfan lizze de Bronnegermieden lâns it Kanaal Buinen-Schoonoord (westside). In groep fan fiif hunebêden (D21 t/m 25) leit bewesten it plak.

Lizzing yn de gemeente Borger-Odoorn
It Foarste Djip by Bronneger

Bronneger is in dochterdelsetting fan Drouwen. De betsjutting is: hiem fan de lju fan de persoan Bruno. Om betizing mei Borger te foarkomen is neffens W. de Vries (1955) Bronger wizige yn Bronneger.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: