Hunebêdsintrum
It Hunebêdsintrum (Nederlânsk: Hunebedcentrum) is sûnt 1959 in museum yn it Drintske doarp Borger, tichteby it grutste hunebêd fan Nederlân. It museum ferhellet fan de hunebedbouwers. It terrein fan it Hunebêdsintrum hat in rekonstruksje fan in hûs út de stientiid en in nôtspiker.
Op 27 maaie 2005 waard it nagelnije Hunebêdsintrum troch Prinsesse Margriet offisjeel iepene. It sketsûntwerp fan it gebou waard makke tocht de ferneamde arsjitekt Aldo van Eyck. Hy ferstoar 1999, dat hy koe syn wurk net ôfmeitsje. Syn widdofrou Hannie van Eyck-van Roojen hat, tegearre mei arsjitekt Abel Blom, it oarspronklike ûntwerp realisearre.
De bou en ynrjochting fan it museum is troch in ploech archeologen, designers en museumdeskundigen gearstald. Sa is under oaren yn it auditorium de gletsjer-reis fan in hûnebedstien, fan de bergen yn Skandinaavje nei it grutte hunebêd yn Borger, in byld en lûd te sjen. Fierder is yn it museum in detaillearre rekonstruksje fan it hunebêd D26 opboud, mei de komplete, yn 1970 troch archeolooch dr. Jan Albert Bakker opgroeven, ynventaris út de Trachterbekerkultuer.
Neist de fêste kolleksje biedt it Hunebêdsintrum tydlike eksposysjes fan bysûndere nasjonale en ynternasjonale aspekten fan de prehistoarje.
Oek
bewurkje seksjeOm de prehistoarje libje te litten foar bern, hat it Hunebêdsintrum Oek, sabeare bern fan hunebêdbouwer, yn it libben roppen. De ferhalen fan Oek wurde skreaun troch Hein Klompmaker en de tekeningen wurde makke troch Roelof Wijtsma.