Boekhannel
In boekhannel is in winkel dêr't boeken ferkocht wurde. Faak wurdt in boekhannel kombinearre mei in kantoarboekhannel, dêr't kantoarnedichheden ferkocht wurde, lykas skriuwreau en mappen. It moderne soarte fan boekhannel, mei in fêst plak dêr't de klanten hinne geane om boeken te keapjen, oppenearre him pas foar it earst geandewei de sechstjinde en santjinde iuw. Foartiid (en ek noch lang neitiid) giene boekferkeapers mei harren waar by de doarren lâns of stiene se mei in kreamke op 'e merk, krekt as oare soarten keaplju. Op 't heden is der in like yngripende feroaring geande, mei't almar mear minsken harren boeken fia it ynternet keapje, op websiden as Bol.com en Amazon.com, en net mear yn in eigentlike boekhannel. De foardielen dêrfan binne dat men kieze kin út in grutter ferskaat (mei't boekhannels fanneden mar in beheinde seleksje op foarrie hawwe kinne), en dat men net ta de doar út hoecht om 'e bestelling te dwaan. Oan 'e oare kant is it op it ynternet dreech sneupen, en kin men in boek net even iepenslaan om in lyts priuwke te lêzen.
Yn 'e boekhannels yn Dútslân, ek yn de alderlytste doarpkes, kenne se al jierren it systeem hjoed foar jo besteld moarn helje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and sources, op dizze side.
|