De Regenboog (Surhústerfean)

De Regenboog (De Reinbôge) is de namme fan 'e tsjerke fan 'e Nederlânske Kristlike Grifformearde tsjerke yn Surhústerfean.

De Reinbôge
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Surhústerfean
adres De Dellen 48
koördinaten 53° 11' N 6° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Nederlânske Kristlike Grifformearde Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 2012
Webside
Side NKGT-Surhústerfean
Kaart
De Regenboog (Fryslân)
De Regenboog

Skiednis kristlike grifformearde gemeente frijmakke

bewurkje seksje

Yn 2012 fusearren yn Surhústerfean de kristlike grifformearden mei de frijmakke grifformearden. Dat late ta de foarming fan de kristlike grifformearde frijmakke gemeente. Nei de tsjerkefúzje fan 'e Grifformearde Tsjerken frijmakke mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken wurdt de tsjerke fan Surhústerfean Nederlânske Kristlike Grifformearde tsjerke neamd.

It earste tsjerkegebou fan de frijmakke gemeente datearre út 1951 en wie fan hout. Op it plak fan 'e earste tsjerke waard oan 'e Dellen neffens in ûntwerp fan it arsjitektenburo De Vries yn 1980 "De Ark" boud. Dy tsjerke is ferkocht oan 'e njonkenlizzende RABO-bank.[1]

De Feanster kristlik-grifformearden hiene sûnt 1980 in eigen gemeente. Foar dy tiid hearden hja by de gemeenten fan Droegeham of Kornhorn. Nei de foarming fan in eigen gemeente tsjerkten hja yn 'e Herfoarme tsjerke. Yn 1996 waard de eardere húshâldskoalle oan 'e Dellen oankocht, dy't mei help fan gemeenteleden ta de Ichtustsjerke ferboud waard.[2]

Yn maart 2011 goaiden de beide gemeenten de lapen gear om tegearre fierder te gean. [3] Besletten waard om yn 't ramt fan 'e gearfoeging fan 'e gemeenten "De Ark" te ferkeapjen, wylst de "Ichtustsjerke" ferboud wurde soe. By de ferbouwing krige de tsjerke in folslein nij oansjen en ek in nije namme.

It logo fan 'e tsjerke is in gearstalling fan in ichtusfisk en in arke (dy't referearje oan 'e âlde tsjerken) en in reinbôge.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: