Fermanje
In fermanje of fermaanhûs is in tsjerke fan in Meniste gemeente.
Meast binne dy tsjerken saneamde skûltsjerken en binne se in ein efter de roailine fan in strjitte of wei delset of sels net te sjen om't se efter de hûzen mids in boublok steane (sa as yn Haarlim en Deventer). Somtiden liket de tsjerke op in gewoane wente, in foarm fan kamûflaazje. Dat komt omdat de dopersken, lykas de roomsk-katoliken en joaden yn de tiid fan de Republyk “dulde” waarden. Hja wienen der wol, mar harren leauwe sjen litte wie net tastien.